Gerhard Potma

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gerhard Potma
Potma yn maaie 2005
Potma yn maaie 2005
Namme Gerhard Potma
Bertedatum 29 augustus 1967
Berteplak Snits
Stjerdatum 31 maart 2006
Stjerplak Snits
Grutte 1,84 m
Sportive ynfo
Sport Hurdsile
Underdiel(en) Flying Dutchman, soling
Olympyske Spullen Barselona 1992, Atlanta 1996
Debút 1988
Karriêre-ein 1996

Gerhard Potma (29 augustus 1967 - Snits, 31 maart 2006) wie in hurdsiler.

Potma begûn te silen op 10-jierrige leeftyd en die mei oan wedstriden yn in piraat. Letter die hy mei oan in soad oare sylklassen, wêrûnder de flits, skeakel, 16-kwadraat en falk.

Fan 1988 oant en mei 1993 sylde hy tegearre mei syn broer Willem-Nico yn de Flying Dutchman, dat destiids in Olympysk ûnderdiel wie en diene mei oan de Olympyske Simmerspullen 1992 yn Barcelona. Earder, yn 1989 wûnen se de Kieler Woche. Neidat de Flying Dutchman fan it Olympysk programma helle wie, keazen de Potma's foar de trijemansboat soling, wêryn't se tegearre mei Frank Hettinga meidienen oan de Olympyske Simmerspullen 1996 yn Atlanta.

Nei de aktive kearnploechperioade begûn Gerhard mei syn broer in eigen seilmakerij yn Snits. De namme fan it bedriuw, NED31, referearret oan it seilnûmer fan de bruorren.

Gerhard Potma ferstoar op 38-jierrige leeftyd.