Georgina Kwakye

Ut Wikipedy
Georgina Kwakye
akteur
Kwakye (TEDx, 2012)
Kwakye (TEDx, 2012)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Georgina Kwakye
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 18 juny 1979
berteplak Utert (Utert)
etnisiteit Ganeesk
Hongaarsk
jierren aktyf 1999 – no
offisjele webside
www.georginakwakye.com

Georgina Kwakye (útspr.: [ʤɔ:r'ʤi:na 'kwa:ʦi], likernôch: "dzjôrdzjiina kwaatsy"; Utert, 18 juny 1979) is in Nederlânsk aktrise, presintatrise, model en tillefyzjeprodusinte fan mingd Ganeesk-Hongaarsk etnysk komôf. Hja waard bekend mei har rol as Gladys Bloem, yn 'e soapsearje Goede Tijden, Slechte Tijden. Tsjintwurdich is Kwakye benammen aktyf as produsinte en dokumintêremakster.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kwakye is hikke en tein yn Utert, dêr't se yn 1979 berne waard as de dochter fan in Ganeeske heit en in etnysk Hongaarske mem. Om't har âlden drokke karriêres yn binnen- en bûtenlân hiene, waard se yn haadsaak grutbrocht troch har Hongaarske pake en beppe. Kwakye die de HAFU en folge neitiid in HBO-oplieding kommunikaasjekunde, dy't se yn 2003 ôfrûne mei in skripsje oer community trade by The Body Shop Benelúks.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kwakye sette har karriêre yn har tinerjierren útein as model, wêrby't se meiwurke oan fotoreportaazjes en as mannekên yn moadeshows rûn. Yn 1999 waard se frege en doch audysje foar de rol fan Bibi Zuidgeest yn 'e soapsearje Goudkust. Kwakye besleat dêrfan ôf te sjen om ynstee in algehiele screentest te ûndergean. Yn 2000 die se audysje foar de rol fan Terra Bloem, yn Goede Tijden, Slechte Tijden. Dy rol gie úteinlik nei Chanella Hodge, mar de makkers fan 'e rige wiene sa fan har ûnder de yndruk, dat se spesjaal foar Kwakye de rol fan Gladys Bloem, de jongere suster fan Terra, skreaune.

Yn earste ynstânsje gie it by Kwakye har meiwurking oan Goede Tijden, Slechte Tijden om in gastrol fan in fearnsjier, mar úteinlik rûn it út op in haadrol dy't hast twa jier duorre. Yn 2002 waard yn ûnderling oerlis besletten dat it kontrakt net nochris ferlinge wurde soe, mei't de rol fan Gladys eins útspile wie en it personaazje goed en wol beskôge neat mear yn Meerdijk (it fiktive plak dêr't Goede Tijden, Slechte Tijden spilet) te sykjen hie. Boppedat wie Kwakye sels op dat stuit al yn ûnderhanneling mei de muzykstjoerder MTV.

Koarte tiid earder hie Kwakye ek audysje dien foar de rol fan Natasja yn 'e film Volle Maan, mar dy wie nei Jasmine Sendar gien (deselde dy't ek de rol fan Bibi Zuidgeest yn Goudkust krigen hie). Neitiid hie Kwakye in byrol yn 'e komeedzjesearje Brada's. Fan 2002 ôf sette Kwakye útein mei presintaasjewurk en ferskynde se as videojockey yn 'e MTV-programma's Da Groove, MTV Live en MTV Global, wêrfoar't se ferskate ferneamde ynternasjonale muzikanten en sjongers ynterviewde. Fanwegen budgettekoarten waard har kontrakt by de muzykstjoerder lykwols net ferlinge.

Neitiid presintearre Kwakye yn 2004 foar de NCRV it berneprogramma Buya Backstage. Tegearre mei har kollega Edgar Wurfbain makke se yn 2005 in dokumintêre oer de projekten fan har Ganeeske heit, dy't hertsjirurch is. Teffens rjochte se doe de stifting Ghanasi op, mei as doel om it ûnderwiis en de sûnenssoarch yn Gana te ûnderstypjen. Har earste stap op dat mêd wie de oprjochting fan in middelbere skoalle yn har heite bertedoarp.

Yn 2006 rjochte Kwakye har eigen bedriuw op, mei as namme Georgies, dêr't se mei produsearret en presintearret op eveneminten as it muzykfestival Lowlands en it Drum Rhythm Festival. Teffens jout se workshops oer presintaasje. Ek makket se tillefyzjeprogramma's oer minsken, kultueren en earlike hannel, û.o. foar de digitale stjoerder GoedTV. Fierders wurket Kwakye ek noch altyd as presintatrise op 'e tillefyzje, û.m. yn 'e programma's RTV op Reis, Z@ppelin Kindertelefoon, Flex M, Jouw Milieu op de Buis, Heel Holland Helpt (fan 'e EO) en har eigen Ghanasi TV, mei projektynformaasje oer har ûntwikkelingswurk yn Gana.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Externe links, op dizze side.