Lowlands

Ut Wikipedy
A Campingflight to Lowlands Paradise
De yngong fan Lowlands 2019
De yngong fan Lowlands 2019
plak en tiid
lân Nederlân
plak Biddinghuizen
holden yn Eveneminteterrein Walibi Holland
tiid fan it jier augustus
bysûnderheden
ôfkoarting LL
soarte evenemint muzykfestival
sjenre popmuzyk
bestean 1967 – no
oprjochter Bunk Bessels en Robert van Gemert (1967)
Willem Venema (1993)
org. troch Mojo Concerts
offisjele webside
www.lowlands.nl

A Campingflight to Lowlands Paradise of yn it koart Lowlands is in trijedaags muzykfestival dat sûnt 1993 elk jier yn Biddinghuizen (Flevolân) op it evenemintenterrein fan Walibi Holland wurdt hâlden. Mojo Concerts begûn mei Lowlands as tsjinjinger fan festivals as Pinkpop en Dynamo Open Air en probearre hjir har wat alternativere muzyk út.

De earste twa edysjes fan it oarspronklike festival wiene yn 1967 en 1968. Doe waard it festival yn Utrecht holden. Yn 1993 waard it festival foar it earst yn 25 jier wer holden, diskear yn Biddinghuizen. Dêr is it no noch hieltyd, alle jierren mids of ein augustus.

It festival hat in grut ferskaat fan oanbod fan amusemint: der is net allinnich muzyk, mar ek literatuer, film, kabaret, ballet, teäter en tekenteltsje.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]