Fryx

Ut Wikipedy

Fryx wie in Frysk tydskrift foar polityk en kultuer dat ferskynde tusken 1980 en 1991.

It nulnûmer hie noch gjin namme, mar it earste nûmer ferskynde yn maart 1980. Dy neffes de LC ‘Asterix-eftige namme’ waard yn it earste numer fan april 1980 net ferklearre.[1]

It blêd neamde him ûnôfhinklik, kritysk tydskrift foar polityk en kultuer. Fryx ûntstie as inisjatyf fan de ôftreden redaksje fan tydskrift De Stiennen Man omdat de Ried fan de Fryske Beweging syn belied wegere te sanksjonearjen.

Fryx begûn mei tsien nûmers yn it jier, dêrnei sakke de frekwinsje hoewol’t it tal siden praktysk lyk bleau. Underwerpen wiene Fryske aktualiteit, taalkunde en frisistyk, ferfrysking fan plaknammen. Driuwende krêft en grutste bydrager wie Tony Feitsma. Benammen fan belang fanwegen de treflike artikels oer de skiednis fan de Fryske Beweging en de wiidweidige dokumintaasje oer aktuele ûnderwerpen.

Yn it blêd skreaune neist redakteur Tony Feitsma minsken as Karel Gildemachter, Jelma Knol en Trinus Riemersma. Op literêr mêd siet it blêd tusken Lyts Frisia en De Federalist yn.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Ljouwerter Krante, 19 april 1980
  2. Ljouwerter Krante, 16 novimber 1990