Fritz Luckhardt

Ut Wikipedy
Fritz Luckhardt (Heliogravuere neffens in foto fan Erwin Hanfstaengl, 1895)
Keizer Franz Joseph I.

Fritz Luckhardt (17 maart 1843 yn Kassel - Wenen, 29 novimber 1894) wie in Eastenryksk fotograaf fan Dútsk komôf.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fritz Luckhardt studearre earst oan de Technyske universiteit yn Kassel en gie dêrnei oan it wurk yn in sjippefabryk yn Hannover en yn in parfumeryfabryk te Parys en kaam letter yn it atelier fan René Dagron te wurkjen.

Hy ferfear yn 1865 nei Wenen dêr't er earst bûtenlânkorrespondint wie yn it atelier fan Oscar Kramer foardat er yn 1867 syn eigen studio iepene. Luckhardt waard ferneamd mei syn stereobylden fan portretten fan moaie froulju dy't er makke yn de jierren 1868 oant 1872. Yn 1867 krige er ûnderrjocht fam Ludwig Angerer yn it meitsjen fan ljochtdrukken.

Yn de jierren derop folgjend lei Luckhardt him fral ta op portretfotografearjen fan promininten, yn it bysûnder fan keunstners. Fan 1871 oant 1887 wie er sekretaris fan it Fotografysk Selskip.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Timm Starl: Lexikon zur Fotografie in Österreich 1839 bis 1945. Albumverlag, Wenen 2005, ISBN 3-85164-150-7, S. 300f.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]