Frede fan Ryswyk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Hûs ter Nijburch troch P. Schenck

De Frede fan Ryswyk is in fredesferdrach dy't op 20 septimber 1697 sletten waard yn Ryswyk, yn it steedhâlderlik paleis Hûs ter Nijburch en in ein makke oan de Njoggenjierrige Oarloch, tusken de Liga fan Augsburch, besteande út it Dútske Hillige Roomske Ryk, Ingelân, Denemarken, Sweden, it Hartochdom Savoye, Spanje en de Nederlânske Republyk oan de iene kant en Frankryk oan de oare kant.

Moannenlang wie der in soad te dwaan oer it diplomatike protokol by de plechtigens. Benammen yn hokker folchoarder de diplomaten yn harren koetsen nei it paleis ride soenen, joech in soad stof foar strideraasje. Lang om let waard as kompromis besletten de tagongspoarte ôf te brekken, sadat de Frânske en alliearde koets njonken inoar oer it ferbrede tagongspaed ride koenen. Offurdigers foar de Republyk wienen Jacob Boreel, Hans Willem Bentinck, Anthonie Heinsius, Everard van Weede van Dijkvelt en Willem van Haren.

Gefolgen[bewurkje seksje | edit source]

Kening Loadewyk XIV fan Frankryk erkende Willem III fan Oranje-Nassau as kening fan Ingelân en moast al syn feroveringen op Spanje werom jaan. De Republyk krige it rjocht om yn in oantal steden de saneamde barriêresteden yn de Súdlike Nederlannen militêren te legerjen. Frankryk mocht Straatsburch yn de Elzas hâlde, mar moast wol de selstannigens fan it hartochdom Lotaringen respektearje.

De Frede fan Ryswyk soarge lykwols net foar in bliuwende frede tusken de Spaansk-Habsburchske en de Frânske monargy. It wie mar in tydlike oplossing fan harren grinsskelen en regele net it probleem fan de Spaanske erfopfolging. Nei de dea fan de Habsburchse Karel II fan Spanje yn 1700 bruts dan ek gau de Spaanske suksesjeoarloch út (1701).

As neitins oan it ferdrach waard yn 1790 de Nulle fan Ryswyk oprjochte.