Franca Treur

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Franca Treur (Meliskerke, 23 juny 1979) is freelance sjoernaliste en skriuwt foar NRC Handelsblad en nrc.next.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Libben

Treur brocht har jeugd troch yn Meliskerke yn Seelân, yn in bevindelijk grifformeard fermidden, en studearre Nederlânsk en literatuerwittenskip oan de Universiteit Leien.

Yn Leien waard hja lid fan de reformatoaryske studinteferiening 'Civitas Studiosorum in Fundamento Reformato#Leiden/Panoplia'. Sy begûn oan harleauwe te twifeljen nei in diskusje oer oft God him ek bemuoie soe mei de útkomst fan in spulsje Risk. Yn har stúdzje kaam hja yn kontakt mei ferhalen út de Grykske en Romeinske mytology en de ûnderstelde oerienkomsten tusken dizze ferhalen en dy út de bibel. Teffens rekke sy bekend mei it kritysk bibelûndersyk. Sadwaande ferlear hja lang om let har leauwe.

Ein 2010 waard bekend dat Column Film de filmrjochten fan Dorsvloer vol confetti kocht hat.[1]

[bewurkje seksje] Publikaasjes

[bewurkje seksje] Essay

  • Maak iets van je leven! Maar wat?, (2006)

[bewurkje seksje] Roman

  • Dorsvloer vol confetti, (2009)
Fiktive psychologyske roman oer in 12-jierrich famke dat begjin jierren njoggentich yn Seelân grutbrocht wurdt yn in strang grifformearde boerehúshâlding.

[bewurkje seksje] Prizen

Treur wûn yn 2006 mei Maak iets van je leven! Maar wat? in essaywedstriid dy't útskreaun waard troch Contrast Magazine en nrc.next mei as tema Macht en onmacht. Yn 2010 wûn Franca Treur de Selexyz debútpriis.[2] Dorsvloer vol confetti waard mear as ien kear nominearre,[3] ûnder oaren foar de NS Publykspriis.[4]

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ‘Filmrechten boek Franca Treur verkocht’, PZC, 13 oktober 2010
  2. ‘Franca Treur wint Selexyz Debuutprijs’, nu.nl, 6 septimber 2010
  3. ‘Franca Treur weer genomineerd’, PZC, 17 septimber 2010
  4. ‘Nominaties NS Publieksprijs 2010 bekend’, NS, 5 septimber 2010
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen