Floarespappegaaido

Ut Wikipedy
Floarespappegaaido
Konservearre eksimplaar fan 'e soarte út Naturalis.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai pappegaaidowen (Treron)
soarte
Treron floris
Wallace, 1864
IUCN-status: kwetsber

De Floarespappegaaido (Treron floris) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De middelgrutte Floarespappegaaido is 29 sm lang. De do is foar it measte sêftgrien en hat in ljochtgrize foarholle en krún. De búk en it boarst binne gieleftich. De doffer hat in pearse oant brûnskleurige glâns op 'e mantel. De ûnderkant is gieleftich mei mei wite sturtdekfearren mei griene streken. De wjukken binne donker en de fearren ha dêr ljochte rânen. De iris en de poaten binne read.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Floarespappegaaido komt foar op Lombok, Floares en oare oanbuorjende Lytse Sûnda-eilannen. De soarte is monotypysk, dat betsjut dat de soarte net is ferdield yn ûndersoarten.

It biotoop fan 'e fûgel is tropysk leafbosk of bosksavanna's mei boskrannen yn leechlân en heuvellân.

De fûgels libje heech yn 'e beammen en ite fruit, fral figen.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De populaasje fan 'e soarte is net grut en wurdt rûsd op likernôch 2.500 oant 10.000 fûgels. It oantal nimt ôf troch it ferlies fan biotoop as gefolch fan it kappen en it yn 'e brân stekken fan bosken om de grûn te brûken foar lânbou. Fierder wurdt der jacht op 'e fûgels makke. Dêrom wurdt de fûgel op 'e Reade list fan 'e IUCN as kwetsber klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: