Flachsmeer

Ut Wikipedy
Flachsmeer
Sint-Bernardustsjerke
Sint-Bernardustsjerke
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Lier
Gemeente Westoverledingen
Sifers
Ynwennertal 4734 (31 desimber 2020)
Oerflak 11,53 km²
Befolkingsticht. 411 /km²
Hichte 4 m boppe seenivo
Oar
Stifting 1770
Postkoade 28610
Kaart mei de gemeente Westoverledingen

Flachsmeer (Eastfrysk: Flasmēr[1]) is in doarp yn it Landkreis Lier yn de Dútske dielsteat Nedersaksen yn East-Fryslân. It doarp is in Ortsteil yn de gemeente Westoverledingen en hie yn 2020 4.734 ynwenners.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De baptistekapel (ûnderwilens ôfbrutsen)

It eardere feangebiet op it hjoeddeistige doarpsgebiet waard reedlik let oant yn de ein santjinde en begjin achttjinde iuw kolonisearre. De feankoloanje Flachsmeer waard yn 1770 stifte. Yn it begjûn woeks it doapr stadichoan. Lykas oare feankoloanjes dy't yn dy snuorje oanlein waarden, rekken de kolonisten yn Flachsmeer yn grutte earmoede. Yn de njoggentjinde iuw naam it tal fêstigings rap ta. Tusken 1821 en 1905 ferfjouwerfâldige it ynwennertal. Yn de tweintichste iuw ûntstiene der lykwols problemen mei de ûntwettering en ynfrastrukturele ûntsluting.

Op 1 jannewaris 1973 waard Flachsmeer, dat doe in selsstannige gemeente wie, part fan de gemeente Westoverledingen.

Leauwe[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In soad kolonisten wiene roomsk-katolyk. Yn 1860 waard in katolike tsjerkegemeente stifte en waard de Sint-Bernardtsjerke yn neoromaanske styl boud.

De lutherske gemeente hearde oarspronklik ta dy fan Steenfelde. Yn 1962/63 waard fuortendaliks njonken it begraafplak, dy't om de iuwwikseling oanlein waard, in begraafplakskapel boud, dêr't nei it iepenjen regelmjittich tsjerketsjinsten holden wurde. Yn 1966 waard de lutherske gemeente fan Flachsmeer selsstannich.

In lytse baptistekapel stie op Birkenstraße 44. Hy waard yn 1908 oprjochte en wie in ûnderdiel fan de baptistegemeente Westoverledingen-Ihren. Yn 2018 waard er lykwols ferkocht en koart dêrnei sloopt. Hjoed-de-dei stiet der op dat plak in wente.

De doarpsnamme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hjoeddeistige skriuwwize fan de doarpsnamme is út 1818 oerlevere. De namme ferwiist nei de eardere feanmarren dêr't letter in soad flaaks ferboud waard.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Eastfrysk wurdboek oproppen 20 april 2021

Foar oare boarnen, sjoch de:Flachsmeer

 
Westoverledingen
Flagge fan Westoverledingen
Haadplak: Ihrhove
Doarpen: BreinermoorDrieverEsklumFlachsmeerFolmhusenGroßwoldeGrotegasteIhrenMitling-MarkSteenfeldeVöllen