Filippustsjerke (Kopenhagen)
Filippustsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Denemark | |
adres | Kastrupvej 55, 2300 København | |
koördinaten | 55° 39'N 12° 37'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Deenske Folkstsjerke | |
bisdom | Kopenhagen | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Rasmus Vilhelm Rasmussen Rue | |
boujier | 1924 | |
Webside | ||
www.filipskirke.dk | ||
Kaart | ||
De Fillipustsjerke (Deensk: Filips Kirke) is in lutherske tsjerke yn 'e Deenske haadstêd Kopenhagen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei de útwreiding fan de stêd waard op 19 oktober 1907 de nije Fillipusparochy stifte. De earste Fillipustsjerke wie in houten bouwurk, mar tusken 1924 en 1928 makke it houten gebou plak foar de stiennen tsjerke sa't dy der hjoeddedei noch stiet.
It gebou is in ûntwerp fan de Deenske arsjitekt Rasmus Rue (* 1863- † 1944), dy't it gebou yn de styl fan in Deenske doarpstsjerke bouwe liet. It mienskipshûs waard in 1928 oan de tsjerke fêstboud.
Boppe de yngong fan de tsjerke is in reliëf ynlein mei in foarstelling fan Jezus mei Natanael en Fillipus. Dêrûnder stean de wurden út it evangeelje fan Jehannes 1:47: Filip siger: Kom og se! (oersetting: Fillipus sei: Kom en sjoch!).
Yn 'e tsjerke is plak foar likernôch 450 leauwigen.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Fillipustsjerke fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |