Fenna Kalma

Ut Wikipedy
Feikje Anna Kalma
persoanlike bysûnderheden
namme Feikje Anna Kalma
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 21 novimber 1999
berteplak Haskerhoarne
etnisiteit Frysk
klupskiednis
rêchnûmer 19
posysje Oanfalster
jeugdteams
-2011
2011-2014
2014-2016
Aldehaske
FF It Hearrenfean
CTO Amsterdam
profesjonele feriening(s)
seizoen               klup                              wedstr.(goals)
2016-2019
2019-2023
2023-
SC It Hearrenfean
FC Twinte
Wolfsburg
51(37)
75(83)
0(0)
nasjonaal team
2022- Nederlân 5(1)

Feikje Anna Kalma (Haskerhoarne, 21 novimber 1999) is in Fryske fuotbalster.

Jonkheit[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fenna Kalma waard op 21 novimber 1999 berne yn it Fryske Haskerhoarne. Op de Fryske fjilden begûn Kalma foar it earst mei fuotbaljen by vv Oudehaske. By de lytse amateurklup spile se tegearre mei de jonges. Har talint tusken de jonges foel gelyk op. Dêrnei gong sy nei vv Heerenveen om dêr by de jeugd te spyljen. Doe’t sy 14 jier wie gong sy nei Amsterdam om te fuotbaljen by CTO Amsterdam. Sy is opgroeid mei har heit en mem en ien broerke.

Bân mei har heit[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2020 stoar har heit  op in fakânsje yn Switserlân, dat wie in grutte klap foar Fenna. By eltse goal dy’t sy makket sjocht se efkes nei boppe en stekt sy twa fingers yn de loft.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 2016 ôf krige Fenna in kontrakt by SC Heerenveen froulju dêr’t sy 51 wedstriden fuotballe hat en 37 kear skoarde. Yn 2019 keas Fenna foar FC Twente. Sy spile 75 wedstryden foar de klub en makke en 83 doelpunten. Yn de simmer fan 2023 gie Fenna nei it bûtenlân. Se sil spylje foar Wolfsburg yn Dútslân. Yntusken hat Kalma dêr 13 kear spile en 2 goals makke.

Fenna mocht yn 2015 foar it earst it shirt fan Oranje oanlûke by Oranje ûnder de 16. Op 2 septimber 2022 debutearre se by de oranjeliuwinnen by de oefenynterlân tsjin Skotlân en makke dêrby har earste doelpunt. Dêrnei hat se noch 4 ynterlânwedstriden spile, mar fierder gjin goals mear makke. Foar it wrâldkampioenskip 2023 waard Fenna net selektearre troch bûnscoach Andries Jonker. Dat wie foar in soad minsken opfallend omdat se yn dat jier noch spiler fan it jier waard yn de Azerion earedifyzje.

Wurk en prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Spylster fan it jier (2022-2023)
  • Topskoarster fan it jier mei 30 goals  (2022-2023)
  • Lânskampioen - (2020-2021) (2021-2022)
  • KNVB-beker (2022-2023)
  • Earedifyzjecup (2021-2022) (2022-2023)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: