Feijke Tetmans

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Feijke Tetmans, ek Feijke Tatmans, ( 1538 - 2 april 1601 ), wie grytman fan 1585 - 1588 fan Utingeradiel en substitút grytman fan Aenjewier.

Mooglik in soan fan Tetman. Wie troud mei met Popke (1541 - 1611 ), dochter fan Sako fan Rinia, grytman fan Westdongeradiel, en hie by har ien dochter. Se wennen op [Aldeboarn]]. Beide binne begroeven yn de tsjerke fan Aldeboarn.

Feijke wie in man fan kwizekwânsje yn Fryslân, en waard brûkt by wichtige saken. Yn 1574 drong hy mei mear oaren by Robles tige sterk oan, om it gewest fan it ûnderhâld fan de Spaanske en Waalske soldaten te befrijen. Trije jierren letter waard hy troch de steaten fan Fryslân mei Schelte Tjaarda en Marten van Nijsten nei de Algemiene Steaten yn Brussel yn gesantskip stjoerd. Ek waard hy yn dat jier ta 'eene geldligting' lestige. Yn 1578 waard er benamd ta grytman fan Utingeradiel, en wie hy ek ubstitút fan Aenjewier. Feijke Tetmans hearde ta de foarstanners fan de Uny fan Utert, en wie yn 1582 ien fan de steatlju, kommitearde ta it opnimmen fan de rekkens fan de Untfangers en Rintmasters fan kleasterguod, en yn 1584 ta dy fan de Lânskips-Untfangers.

Doe't yn 1596 de Admiraliteit yn Dokkum oprjochte waard, waard hy ta de earste riedsleden beneamd.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hobbe Baert van Sminia - Nieuwe naamlijst van Grietmannen van de vroegste tijden af tot het jaar 1795
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels