Feanwyk

Ut Wikipedy
Feanwyk (2010)
Grêfkelder Van Bienema (2010)

Feanwyk (Nederlânsk: Veenwijk) is in state oan de Tjeerd Rosleane yn Aldskoat. It is omtrint 1763 bouwe litten troch Fokke Bienema en syn frou Tetsje Epkes Roos. Fokke Bienema wie apteker oan de Lindegrêft op It Hearrenfean. Hy waard letter ferfeanter (1728 - 1773). Hja binne troch apteekjen en ferfeanting ryk wurden.

Harren soan Epke Roos van Bienema (1767-1810) en syn frou Sara Suzanna Bergsma út Dantumawâld lieten Feanwyk yn 1798 fergrutsje en ferheegje. Efter it gebou waard in hege bult opsmiten, it saneamde Woutersberchje dat in prachtich útsjoch joech op de omkriten. Fierder liet er tusken 1807 en 1810 yn 'e bosk ek noch in grêfkelder foar de famylje bouwe.
In part fan it ynterieur is bewarre bleaun: in diorama en muorredekoraasjes (ien mei jachtattributen en ien mei tekens fan de Frijmitselerij der op). De bûtekant fan it gebou hat gjin ôfbylden.

Troch fererfjen kaam it yn eigendom fan Tjalling Menno Watse Baron van Asbeck (1795 - 1855), dy’t yn 1818 troude mei Elbrig fan Bienema (1796 - 1866). In lettere Epke Roos fan Bienema (1811-1901), de eigner fan Herema State (It Hearrenfean) oan de dyk tusken It Hearrenfean en Aldskoat ferkocht it omtrint 1847 publiyk oan Jan Berends Wouters (1795-1873) dy't dêrfoar noch op Jagtlust wenne.

Syn dochter Julia Anna Margaretha (1829-1892) liet Feanwyk ferbouwe. Har heit Jan Wouters hie by testamint fêstlizze litten dat at der gjin neisieten mear wêze soenen, it gebou net ta fabryk makke wurde moast om dêr de earmen fan Alskoat te wurk te stellen. Trochdat Julia der yn wenjen gie ferfoel dy bepaling. Sy liet op har beurt fêstlizze dat nei har dea Feanwyk en alle kaptaal brûkt wurde moast foar "ongehuwde behoeftige dames uit den fatsoenlijken en beschaafde stand".

Dy stifting liet Feanwyk ôfbrekke om op de fûneminten in nij Feanwyk te bouwen yn 1901. It gebou waard yn Jugendstil oplutsen yn bakstien mei sier- en kordonbannen. Yn 1902 waarden de earste bewensters opnomd. Yn 1927 waard der noch in westlike fleugel oanboud.

It gebou is in ryksmonumint.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • R. Mulder-Radetzky en Barteld de Vries - Geschiedenis van Oranjewoud