Feanbeiblaujurkje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Feanbeiblaujurkje
Blaeulinge 250706.jpg
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Reachwjukflinters (Lycaenidae)
soarte
Plebeius optilete
Plebeius optilete
Plebeius optilete.underside.jpg

It Feanbeiblaujurkje (Plebeius optilete, syn. Vacciniina optilete en Albulina optilete) is in flintersoarte yn it skaai fan de Juwielblaujurkjes (Plebejus).

Ynhâld

Foarkommen [bewurkje seksje]

De soarte komt allinnich noch foar yn Drinte en súdeast-Grinslân. It is in honkfêste soarte. Se libje op it heechfean en it leafst mei bosk der omhinne.

Op de reade list stiet de flinter as slim bedrige.

Flinter [bewurkje seksje]

De wjuklingte is ûngefear 14 mm. By it mantsje is de boppekant fan de wjukken djip fioletblau. It wyfke is brún mei in ûndúdlike blauwe bestowing op de efterwjuk. Op de ûnderkant fan de efterwjuk is in opfallend oranje mei blau plak te sjen. Soksoarte plak komt allinnich foar by it Feanbeiblaujurkje.

Fleantiid [bewurkje seksje]

De flinter is te sjen fan begjin july ôf oant healwei augustus, foaral tusken 25 juny en 5 july. It Feanbeiblaujurkje fleant altyd yn ien generaasje.

Rûp [bewurkje seksje]

De rûp groeit earst yn de simmer. Dan ite de rûpen blêden. De rûp oerwintert ek tusken de blêden as in healwaaks rûp. Yn it foarjier gean de rûpen fierder mei iten mar dan ite se farske blomknoppen.

De rûp fret fan de Feanbei, Feanheide, Glop en Beikeheide.

Sjoch ek [bewurkje seksje]