Reachwjukflinters

Ut Wikipedy
It bleek gersblaujurkje.

De reachwjukfinters (Lycaenidae) binne in famylje fan deiflinters yn it skift fan de flinters (Lepiodoptera).

De famylje fan de reachwjukflinters bestiet út mear as 6.000 soarten. Dêrfan komme der yn Europa 92 foar. It binne faak lytse flinters mei opfallende kleuren of tekenings. De rûpen hawwe ferskillende organen dy't stoffen ôfskiede dêr't eamels op reagearje. Sommige soarten kinne in tsjirpend lûd meitsje dêr't de eamels op reagearje. Sommige soarten kinne net sûnder eamels. De rûpen hawwe faak in dikke taaie hûd en in lytse kop.

De rûpen hawwe oer it algemien ferlet fan aaiwytryk fretten. Inkele soarten libje fan blomknoppen en sied. Ek ite se inoar wol op.

Klassifikaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De eardere ûnderfamylje fan 'e prachtflinters (Riodininae) is no in selsstannige famylje ûnder de wittenskiplike namme Riodinidae.