Félix Nadar

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Nadar (selsportret).

Félix Nadar wie it pseudonym fan Gaspard-Félix Tournachon (Parys, 6 april 1820 - 21 maart 1910), in Frânsk fotograaf, karikaturist, sjoernalist, romanskriuwer en ballonfarder. Guon fan syn foto's binne tekene mei "P. Nadar" foar "Photographie Nadar".

Libben en wurk[bewurkje seksje | edit source]

1863: Ramp mei "Le Géant" by Neustadt am Rübenberge ûnder Hannover. Yllustraasje yn in krante

Nadar wie yn 1848 noch in karikaturist foar de krante Le Charivari. Yn 1849 makke er de koartswillige blêden Revue comique en Petit journal pour rire. Hy naam syn earste foto's yn 1853 en yn 1858 waard er de earste dy't mei loftfotos oankaam. Hy wie ek pionier wat it gebrûk fan keunstljocht yn de fotografy oanbelanget paste dat ta yn de katakomben fan Parys.

Om 1863 hinne boude Nadar in mânske ballon mei in ynhâld fan (6000m³) dy't Le Géant ('De reus) kaam te hjitten; hy ynspireare dêrmei Jules Verne by it skriuwen fan 'Fiif wike yn in ballon'. It "Géant" projekt slagge lykwols net en Nadar rekke oertsjûge dat de takomst oan de swierder-as-lucht masines wie. Letter waard "De Feriening foar Oanmoediging fan Bewegen yn de Loft mei Swierder-as-loft Masines" stifte mei Nadar as foarsitter en Verne as sekretaris. Nadar foarme ek it foarbyld foar it personaazje Michael Ardan yn Verne syn 'Fan de ierde nei de moanne'.

By syn besite oan Brussel mei de Géant, op 26 septimber 1864, rjochtet Nadar ferpleatsbere barriêres op om de minskekloft op feilige ôfstân te hâlden. Oant no ta hjitte ditsoarte fan stekken yn Belgje Nadar barriêres.

Yn april 1874 liende er syn fotostudio oan in groep skilders en makke sa de earste útstalling fan de ympresjonisten mooglik (ûnder oaren Claude Monet, Edgar Degas, Camille Pissarro, Paul Cézanne, dienen mei). Hy fotografearre Victor Hugo op syn deabêd yn 1885. Teffens hat er yn 1886 it earste foto-ynterview (mei de ferneamde skiekundige Michel Eugène Chevreul) op syn namme set; boppedat makke er eroatyske foto's.

Fan 1895 oant syn weromgean nei Parys yn 1909, wie de Nadar-fotostudio yn Marseille.

Nadar kaam te hôf op it begraafplak Père Lachaise yn Parys. Nadar syn negativen wurde bewarre yn de Caisse nationale des monuments historiques yn Parys. Syn ôfdrukken en argyf hat de Frânske Nasjonale Bibleteek op de noed.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

Boekepublikaasjes[bewurkje seksje | edit source]

  • Quand j'étais étudiant (1856)
  • Les mémoires du Géant (1864)
  • Les ballons en 1870 (1871)
  • Sous l'incendie (1882)
  • Quand j'étais photographe (1900)

Portrettegallery[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Félix Nadar en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.