Eskimo's

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In Eskimohúshâlding, ±1917

Eskimo's is de te uzes gongbere oantsjutting foar de lânseigen befolking fan Grienlân, it noarden fan Kanada, grutte parten fan it Amerikaanske Alaska, en de uterste eastpunt fan it Russyske Sibearje. Harren korrekte namme is eins Inuit (sprek út: "I-nû-yt"), wat "minsken" betsjut (it inkeltal is Inuk - útspr.: "Inûk"). "Eskimo" is in skelwurd dat ôfkomstich is út 'e talen fan 'e Yndiaanske Algonkwynske folken fan eastlik Kanada, en betsjut "raufleisfretter".

Komôf[bewurkje seksje | edit source]

De Eskimo's wurden net ta de Yndianen rekkene. It is al in Mongoloïde ras, mar is net nau besibbe oan oare stammen yn Amearika. Yn de Lânbrêgeteory is mar plak foar twa golven fan migraasje, beide fan Yndianen. Argeologyske fynsten tsjutte dúdlik op sibskip fan de âlde ynwenners fan East-Sibearje en Kamtsjatka mei de Eskimo's, mar der binne gjin like-dúdlike fynsten yn Amearika dy't oan toane hoenear in part fan harren nei Amearika kaam wie. Ferskillende teoryen jouwe hjirfoar tiden fan 15.000 oant 2.000 f. Kr..

Namme[bewurkje seksje | edit source]

De ferskate subgroepen hawwe elts in oare namme foar harsels. De Grienlânske Eskimo's hjitte Kalaallit, de eastlike Kanadeeske Eskimo's Inuit, de westlike Kanadeeske Eskimo's Inuvialuit, de Eskimo's fan noardlik Alaska Inupiaq, de Eskimo's fan westlik en súdwestlik Alaska en Sibearje Yup'ik en de Eskimo's fan 'e Alaskaanske súdkust Alutiiq.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]