Oerlis:Eskimo's

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Ik wit net wêr't de foarrige wikipedist de wiisheid weihelle hat dat de namme "Eskimo's" net denigrearjend is, mar neffens myn boarne, Indianen: De oorspronkelijke bewoners van Noord-Amerika, út 1995, is dat wol degelik sa. Dêrom haw ik bewearing dat dat net sa is, fuorthelle. Wa't it dêr net mei iens is, moat mar sizze wêr't er/sy him/har op basearret. Ieneach fan 'e Esk (talk) 14 jan 2013, 15.50 (CET)[beäntwurdzje]

Alteast yn Kanada en Grienlân; de Ingelsktalige Wikipedy jout in nuansearre beskriuwing. Drewes (talk) 14 jan 2013, 16.28 (CET)[beäntwurdzje]
Ja, ik sjoch it, yn Alaska en Sibearje wurdt "Eskimo" wol brûkt. Dat is fansels wol te ferklearjen út it feit dat Alaska hielendal oan it oare ein fan it kontinint leit sjoen fanôf it plak dêr't it Algonkwynske wurd "Eskimo" ûntstien is. Yn Alaska sil de betsjutting fierhinne ûnbekend wêze, wylst dy yn eastlik Kanada (en it ticht dêrby leine Grienlân) libben holden wurdt troch de Algonkwynske talen dy't dêrsanne noch altiten sprutsen wurde, lykas Innu (net te betiizjen mei Inuit), Attikamekw, Ojibwa, Cree, ensfh. Ieneach fan 'e Esk (talk) 14 jan 2013, 16.37 (CET)[beäntwurdzje]