Epifanykatedraal (Kazan)

Ut Wikipedy
Epifanykatedraal

Богоявленский собор

Lokaasje
lân Ruslân
autonome republyk Tatarstan
plak Kazan
adres Ul. Bauman 78
koördinaten 55° 47' N 49° 07' E
Arsjitektuer
boujier 1731-1756 (katedraal)
1895-1897 (toer)
boustyl barok
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 161410168620006
Kaart
Epifanykatedraal (Kazan)
Epifanykatedraal

De Epifanykatedraal is in russysk-otterdokse tsjerke fan it bisdom Kazan-Tatarstan yn Kazan, Ruslân.

De katedraal stiet yn it distrikt Vachitovski oan 'e Ulitsa Bauman. Sawol de katedraal as de hege klokketoer binne opfallende monuminten fan 'e stêd.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Epifanytsjerke waard yn 'e jierren 1731-1756 boud op kosten fan 'e fabrikanten Ivan Afanasevitsj Michljaev en Sergei Alekandrovitsj Tsjernov. Tagelyk mei de tsjerke waard ek in klokketoer boud. Yn 1741 baarnde de tsjerke sa slim ôf, dat allinne de muorren stean bleaune. Neffens guon ferslaggen soe de bou fan 'e stiennen tsjerke pas nei dy brân útein set wêze. De foltôging fan 'e tsjerke fûn plak yn 1756, doe't de refter oan 'e Epifanytsjerke tafoege waard en de tsjerke twa kear sa grut waard.

De klokketoer.

Op 2 febrewaris 1873 waard de lettere operasjonger Fjodor Sjaljapin yn 'e tsjerke doopt.

Toer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de revolúsje fan 1917 wie de parochy fan 'e tsjerke ien fan 'e grutste parochy's fan Kazan. Under de parochianen wiene ek aristokraten en grutte ûndernimmers. Ien fan dy rikere parochianen liet yn 1892 35.000 rûbel nei oan 'e Epifanytsjerke, wêrfan't 25.000 rûbel ornearre wie foar de bou fan in nije klokketoer. Foar de bou fan 'e nije toer waard yn july 1893 yn 'e krante in wedstriid útskreaun foar it bêste ûntwerp. In betingst wie dat de nije toer yn 'e âld-russyske styl ûntwurpen wurde moast. Om't de tekening fan 'e klokketoer mei de handtekening fan de arsjitekt ferlern gyng, is it net wis wa't it ûntwerp levere hat.

De fundearring foar de toer waard op 24 novimber 1893 lein en pas twa jier letter waard útein set mei de bou fan 'e toer. Op 17 augustus 1897 wie de toer klear. De klokketoer fan 'e Epifanytsjerke krige los fan 'e tsjerke in hiel eigen arsjitektonyske wurdearring en stadichoan waard de toer bekender as de tsjerke sels. It is de heechste klokketoer fan Kazan en ien fan 'e heechste otterdokse tuorren fan it lân. De âlde toer wie yn 1909 brekfallich woarn en waard pas doe ôfbrutsen.

Fan it ynterieur bleau neat bewarre. De ikonostaze en alle ikoanen binne fan resinte datum. Ek it muorrehek yn neoklassisistyske styl dat de katedraal omfieme mei in poarte en in kapel gyng yn 'e kommunistyske tiid ferlern.

Nei de oktoberrevolúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Epifany- en Andréastsjerke foar de ôfbraak fan de âlde toer.

Tusken 1920 en it sluten yn 1935 tsjinne de Epifanytsjerke as katedraal fan it bisdom.

Njonken de Epifanytsjerke stie oant de jierren 1930 in oan de apostel Andréas wijde wintertsjerke út 1701. Dy tsjerke waard winterdeis brûkt om't it gebou ferwaarme wurde koe, mar waard troch de bolsjewistyske autoriteiten ferneatige. De katedraal sels waard nei it sluten as pakhûs brûkt en yn 'e toer waarden winkeltjes en in optyk ûnderbrocht. Yn 'e jierren 1950 waard de katedraal oerdroegen oan 'e Universiteit fan Kazan. It gebou waard ferboud, rekke syn dekoraasjes en beskilderings kwyt en de koepels waarden ferwidere.

Yn 1960 krige de klokketoer as in monumint fan lokaal belang in beskerme status. De katedraal waard yn 1995 as monumint fan stêdebou en arsjitektuer opnommen yn 'e list fan histoarysk en kultureel erfgoed fan federaal belang.

Nei de fal fan de Sovjet-Uny[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Epifanykatedraal waard yn 'e jierren 1996-1997 werom jûn oan 'e Russysk-Otterdoke Tsjerke. Sûnt wurde dêr alle dagen tsjinsten fierd. De klokketoer bleau lykwols ûnder de jurisdiksje fan it Ministearje fan Kultuer fan Tatarstan. Yn 'e klokketoer is in útstalling fan âlde Russyske keunst.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Богоявленский собор (Казань)