Elisabeth-Sophien-Koog

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing

Elisabeth-Sophien-Koog is in plak yn de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein en makket diel út fan it distrikt Noard-Fryslân. Elisabeth-Sophien-Koog hat 46 ynwenners (2010).

De mienskip leit yn en is neamd nei de polder (koog) dêr't de oanlis fan betelle waard troch de Dútske bankier Jean Henri Desmercières, dy't de polder ferneamde nei syn frou, Elisabeth Sophie Desmercières.