Ediger-Eller
Appearance
Ediger-Eller | ||
Sint-Martinustsjerke fan Ediger | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Cochem-Zell | |
ferbânsgemeente | Cochem | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 890 (2021) | |
Oerflak | 19,18 km² | |
Befolkingsticht. | 46 ynw./km² | |
Hichte | 99 m | |
Oar | ||
Postkoade | 56814 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 50° 05'N 7° 09'E | |
Offisjele webside | ||
www.ediger-eller.de | ||
Kaart | ||
Ediger-Eller is in twillingsdoarp yn de lânkring Cochem-Zell yn it Dútske bûnslân Rynlân-Palts.
Oant 1969 wiene Ediger en Eller selsstannige gemeenten. Sûnt 7 juny 1969 foarmje de beide plakken de Ortsgemeinde Ediger-Eller. Ediger-Eller falt ûnder de ferbânsgemeente Cochem.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ediger-Eller leit oan de Mûzel. It Ortsteil Eller leit oan de foet fan de Calmont, de steilste wyngerdberch fan Jeropa.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken in soad fakwurkhûzen binne u.o. it besjen wurdich:
Ediger
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De katolike parochytsjerke St. Martin. De let-goatyske tsjerke hat in romaansk doopfet en in barok alter.
- Dielen fan de âlde stedsfersterking.
- De Kreuzkapelle boppe op de wynberch mei in reliëf fan "Kristus yn de Wynpers" (twadde helte 16e iuw). Nei de kapel liedt in barokke krúswei.
- De Wohnturm Hofgut Lehmen fuort oan de Bundesstraße leit krekt bûten Ediger. It bouwurk is in romaanske wentoer, dy't foar it earst yn it jier 1245 neamd wurdt.
- De Meinradskapelle oan de Kapellenstraße/hoek Moselweinstraße is in beafeartskapel, dy't datearret út 1666/1667
- De eardere synagoge oan de Rathausstraße tusken de nûmers 3 en 5 is in ienfâldich bouwurk út de 19e iuw en is folsein restaurearre.
Eller
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Sint-Hilarius oan de Bachstraße is in katolike tsjerke (likernôch 1500) mei in let-romaanske toer. It ynterieur is barok en neogoatysk. It Stumm-oargel stamt fan 1828.
- Yn de St.-Arnulfs-Kapelle of Rochuskapelle (ek fan 1500) is in fresko fan de bespotting fan Kristus te sjen.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Ediger, fakwurkhûs (1657) oan de Moselweinstraße
-
Ediger, Kreuzkapelle
-
Ediger, synagoge
-
Eller, de Hilariustsjerke
-
Ediger, romaanske wentoer
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]
|