Earste Punyske oarloch

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kaart fan Rome en Kartago en har bûnsmaten.

De Earste Punyske oarloch (264 f. Kr.241 f. Kr) wie de earste fan de trije Punyske oarloggen, dy't útfochten waarden tusken Rome en Kartago om de hegemony oer it Westlik Middellânske Seebekken. Dizze kriich waard fral op see striden en einige troch in Kartaagske nederlaach wêrby't hja de kontrôle ferlear oer har koloanjes op Sisylje en Sardynje, hokker eilannen sûnt dy tiid Romeinske provinciae (=wingewesten) wêze soenen.

It útbrekken fan de kriich[bewurkje seksje | edit source]

It Romeinske Ryk wie sûnt de oerwinning oer Pyrrhus yn 275 f. Kr. hear en master oer it feriene Italjaanske skiereilân wurden en sochten no nei fierdere útwreidingsmooglikheden. Oan de oare side stie Kartago, dy't al hûnderten jierren lang it westen fan it Middellânske See gebiet kontrolearre.

Oanlieding foar de kriich wie de stipe dy't Kartago ynearsten oan de stêd Messina ferliende, tsjin in oanfal fan de Grykske stêd Syrakuse. De Kartagers gongen lykwols net út Messina fuort sadat de stêd har rjochte ta Rome om help. Nei lang yn har omgean litten te hawwen waard op foarspraak fan de comitia centuriata besletten ta yntervinsje op it eilân.

De Kartaagse oanwezigens yn it noarden fan Sisylje waard troch de Romeinen ek as bedriigjend field. Nei alle gedachten hat ek de oarlochssuchtigens fan de Romeinen yn it generaal en dy fan de senatoren yn it bysûnder hjirby in rôl spile. Oars falt net te ferklearjen wêrom't Rome har yn in oarloch stoarte dy't foar it grutste part oersee en op see fierd wurde soe. De tweintich oarloachskippen fan de Romeinen woegen nammentlik net op tsjin de hûnderten fan de Kartagers.

Kriichsferrin[bewurkje seksje | edit source]

De kriich sette útein doe't Rome mei in oarloch op lân de Kartaagske koloanjes op West-Sisylje besocht yn te nimmen. Konsul Appius Kaudius Saudeks stuts yn 264 f. Kr., yn in donkere nacht de Strjitte fan Messina oer en sette syn leger oan wâl yn de haven fan Messina. Troch de Kartagers waard dizze died beskôge as in oarlochsferklearring. By it earste belis fan Agrigentum yn 262 f. Kr. koenen de Romeinen har noch behelpe sûnder in eigen oarloachsfoat. De Kartagers moasten har nei sân moannen duorjende belegering oerjaan. De ûnderfinings opdien by dizze slach die beide legers fan strategy feroarjen. De Kartagers hienen yn de gaten krigen dat de Romeinen te lân min te ferslaan wienen, mar dat sy op see it sterkst wienen. Sy foelen dêrom de befoarriedingskippen fan de Romeinen oan. De Romeinen op har beurt besochten in float te bouwen.

Omdat de striid op Sisylje gjin fêst resultaat hie, foel konsul Markus Atilius Regulus yn 256 f. Kr. Afrika binnen. De Kartagers waarden lykwols rêden troch de Spartaanske hierlingengeneraal Ksanthippos en stjoerden letter generaal Hamilkar Barkas, de heit fan Hannibal, nei Sisylje om de Grykske stêden te feroverjen.

Utsein boppesteande opsomming fan militêre kampanjes op lân, waard it grutste part fan de kriich op see fierd, it wie in seekriich, mar fral in maritime ôfmêdingsslach. Hoewol't Kartago ynearsten de grutste float hie, koe it har oerwicht net ta jilde meitsje omdat de hearskjende hannelselite fan dy stêd einliks net sa bot yn de kriich ynteresseare wie. Sels op it hichtepunt fan de kriich waard der tusken Romeinske en Kartaagske keaplju gewoan hannel dreaun!

De Kartaagske oarlochspartij bestie foar it wichtichste part út de earme ûnderklasse dy't troch (lân)roof hope har posysje te ferbetterjen. De Romeinske steat oan de oare kant libbe fan de skattingen dy't sy de ûnderwurpen folken (subiugati) en "bûnsmaten" opleinen. Yn de kriich foelen de belangen fan Romeinske sosjale lagen dus gear. Rome hie lykwols net in protte ûnderfining mei kriichfieren op see en besocht dat lange tiid te kompensearjen troch eigen betochte útfiningen te brûken lykas de corvus (interbrêge) ynstee fan it wenstige (mar folle mear seemanskeunst fergjende) wramen mei de 'rostrum'.

Ein fan de oarloch[bewurkje seksje | edit source]

De kriich smiet lykwols gjin beslissende súksessen op en nei goed tweintich jier wie de skatkiste fan beide partijen sa goed as leech.

Doe't Hamikar Barkas yn 247 f. Kr. op Sisylje it Kartaagske oerbefel krige en dat jier troch snelle oanfallen in protte earder op de Romeinen ferlern rekke terrein werom wûn, bleau Rome neat oars oer as nettsjinsteande de lege kas opnij in float gear te stallen. Diskear sprong de Romeinske aristokrasy by. De finansiering fan de float mei priveejild waard feilich steld troch de garânsje op weromstoarting by in oerwinning op Kartago. Yn 241 f. Kr. besliste konsul Lutatius Katulus lang om let de kriich troch de Punyske float in swiere nederlaach ta te bringen (de Slach by de Egadyske Eilannen. De Kartagers longeren nei dat ferlies nei frede en wienen ree om in foar harren ûngeunstige frede te sluten.