Strjitte fan Messina

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Strjitte fan Messina
Locatie Straat van Messina.PNG
Lokaasje tusken Sisylje en kalaabrje
See Middellânske See
Koördinaten {{{koordinaten}}}
Oerflakte
Djipte (maks.) {{{djipte}}} m
Trochsneeddjipte {{{trochsneeddjipte}}} m
Trochsneeddjipte {{{djiptegem}}} m
Breedte 3
Maks. breedte {{{breedtemaks}}}
Maks. breedte 8
Lingte 32
Oer
MessinaStrait.jpg

De Strjitte fan Messina (Italjaansk: Stretto di Messina, Sisyljaansk: Strittu di Missina) is in seestrjitte yn Itaalje dy't it eilân Sisylje skiedet fan Kalaabrje op it Apenynske Skiereilân en dy't de ferbining foarmet tusken de Tyrreenske See yn it noarden en de Ionyske See yn it suden.

Skipfeart yn de Strjitte fan Messina

De strjitte is neamd nei de Sisyljaanske havenstêd Messina. De foarneamste stêd oan de Kalaabryske kant is Reggio Calabria. De measte fearboaten farre tusken Messina en it noardliker Villa San Giovanni, omdat it measte ferkear fan en nei noardliker gebieten giet en de dtrjitte hjir boppedat smeller is. Der wiene konkrete plannen om 2005 útein te setten mei de bou fan in brêge (Ponte di Messina) oer de seestrjitte, in brêge dy't de langste hingbrêge fan de wrâld wurde moat en boppedat ierdskoddingen (sa as dy yn 1908, dy't Messina ferwoastge) ferneare kinne moat. De plannen waarden fersteld. De bou fan de brêge waard op 23 desimber 2009 mei begûn. De seestrjitte hat sterke seestreamingen.

De Strjitte fan Messina is bekend om de protte swurdfisk dy't dêr sit en is in wichtich plak foar trekfûgels dy't de Midslânske See oerstekke wolle.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Spadi, F. (2001) "The Bridge on the Strait of Messina: 'Lowering' the Right of Innocent Passage?", International and Comparative Law Quarterly, nr. 50, sd. 411-419

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]