Durk IV fan Hollân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ofbylding fan Durk IV

Durk IV fan Hollân (10?? - 13 jannewaris 1049) wie greve fan Hollân en Seelân fan 1039 ôf. Hy sneuvele yn de omkriten fan Dordrecht op 13 jannewaris 1049.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Durk IV wie de soan fan Durk III en Othilde fan de Noardmark. Hy sette de polityk fan machtsútwreiding fan syn heit troch. Dêrmei skeinde hy de belangen fan biskop Bernold fan Utert en de machtige súd- Nederlânske kleasters en biskoppen.

Hjirtroch kaam hy yn konflikt mei de keizer en de ryksbiskoppen. De Dútske keizer Hindrik III gie dêrom persoanlik foarop tsjin him yn'e striid en yn 1046 twong hy Durk IV ôfstân te dwaan fan it troch him oermastere gebiet.

Koart neidat de keizer nei hûs gien wie begûn Durk de bisdommen Utert en Luik te plonderjen. Hy sleat ek noch in ferbûn mei Godfried mei it Burd, de hartoch fan Opper-Lotaringen en de greven fan Flaanderen en Henegouwen. Hjirop folge in twadde strafekspedysje wêrby't de keizer Flaardingen en de greeflike boarch yn Rynsburch oermastere. De boarch waard hielendal ôfbrutsen. By de weromtocht ferlern de keizer in soad manlju wêrtroch't Durks bûnsmaten no ek iepenlik tsjin de keizer yn opstân kamen. Yn 1049 is Durk IV troch de biskoppen fan Metz, Luik en Utert yn de fal lokke en deamakke. Durk wie noch jong, net-troud en sûnder bern. Hy waard opfolge troch syn broer Floaris I.