Wim Molenaar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Dreamkeninkje)

Wim Molenaar (Wolvegea, 11 maart 1924 - It Hearrenfean, 21 desimber 2008) wie in fuotballer fan SK It Hearrenfean yn de jierren fjirtich en fyftich. Molenaar fuotballe ûnder oare mei Abe Lenstra yn de ploech fan It Hearrenfean dy't njoggen kear op 'e rige kampioen fan it noarden waard. Hy spile de measte westriden rjochtsbûten en wie ien fan de spilers dy't Ajax op 7 maaie 1950 mei 6-5 fersloegen.

Nei syn fuotbalkarriêre bleau er nau belutsen by SK It Hearrenfean. Sa die er in protte frijwilligerswurk foar de klup. Hy wurke ûnder oare op de kaartferkeap-ôfdieling fan de klup en die rûnliedings troch it stadion. Om syn fertsjinsten by SK It Hearrenfean waard er yn 2000 útroppen ta 'Hear fan SK It Hearrenfean', in ûnderskieding foar minsken dy't in protte foar de klup dien hawwe.

In bynamme fan Molenaar wie Dreamkeninkje, omdat er foar de wedstriden altyd tige senuweftich wie.