Drammen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Drammen
Drammen fan de eastkant wei sjoen
Drammen fan de eastkant wei sjoen
Sifers
Ynwennertal 64 055 (1 july 2011)
Oerflak 137,51 km²
Befolkingstichtens 416/km²
Polityk
Lân Noarwegen
Provinsje Buskerud
Boargemaster Tore Opdal Hansen
Oar
Stifting 1811
Tiidsône CET (UTC+1)
*Simmertiid CEST (UTC+2)
Koördinaten
Webside Drammen Kommune
Lizzing Buskerud
Lizzing Drammen yn Buskerud

Drammen is in stêd en gemeente yn de provinsje Buskerud yn Noarwegen.

De gemeente hie yn 2005 57.148 ynwenners; 48,4% wiene manlju. It part âlderein (67 jier of âlder) is 14,0%. Juny 2005 wie 3,9% fan de befolking wurkleas.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Plakken yn de gemeente

  • Drammen
  • Jordbrekkskogen
  • Konnerud
  • Pukerud
  • Skoger
  • Stubberud
  • Tangen

[bewurkje seksje] Geografy

[bewurkje seksje] Topografy

Drammen leit yn in fallei oan de mûning fan de rivier Drammen dy't útkomt yn de Drammen Fjord. Nei de ein fan de lêste iistiid krige de Drammendelling syn hjoeddeiske foarm.

[bewurkje seksje] Geology

It grutste part fan de grûn yn de gemeente Drammen bestiet út earme reade granyt, ek wol Drammengranyt neamt. Dêrneist is der yn de gemeente in soad grûn fan fulkanyske stien en kalkstien te finen.

[bewurkje seksje] Klimaat

Yn Drammen is in kâld en fochtig, mar mild klimaat mei waarme simmers.

[bewurkje seksje] Natoer en Miljeu

De rivier de Drammen hat jierrenlang slim fersmoarge west troch swiere yndustry by de rivier lâns dy't sa har ôfalwetter op de rivier losten. Sûnt de jieren 90 is de rivier wer skjin en wurdt der salm fongen yn de rivier.

Der binne in oantal grutte parken yn de stêd en strannen oan de Drammen rivier. Oan de súd- en oan de eastkant fan Drammen binne grutte bosk- en marregebieten te finen.

[bewurkje seksje] Beskerme Gebieten

Yn de gemeente Drammen binne fjouwer beskerme natoergebieten (2007).

  • Austad naturminne (1964) - 20 hektare natoer
  • Solum store naturminne (1964)
  • Skalstad naturminne (1967)
  • Rismyr naturreservat (1986) - 47 hektare natoer

[bewurkje seksje] Berne yn Drammen

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Drammen fan Wikimedia Commons.
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen