Springe nei ynhâld

Dragan Bakema

Ut Wikipedy
Dragan Bakema
akteur
persoanlike bysûnderheden
berne 12 maaie 1980
berteplak Appelskea
jierren aktyf 2000 - no

Dragan Bakema (Appelskea, 12 maaie 1980) is in Nederlânsk akteur en skriuwer fan in Fryske heit en Servyske mem. Hy waard grut yn Easterwâlde en hat de toanieloplieding yn Arnhim folge.

Bakema is fral bekend wurden troch de film Loverboy (2003), mei de rol fan loverboy Michael, en troch Zwarte Zwanen. Foar dy lêste rol krige er yn 2005 in Gouden Keal-nominaasje. Bakema hat teffens fan 2006 ôf in ferhâlding mei aktrise Maria Kraakman dêr't er mei yn de films Oliver etc en Hunting & zoon te sjen wie.

Yn 2023 fertolke Bakema de rol fan Pontius Pilatus yn The Passion. Dizze edysje fûn plak yn Harns.

  • 2001 Drift - as Jakob
  • 2001 Morgen ga ik Zelf - as Rinne
  • 2002 Bella Bettien - as Slobodan
  • 2003 Loverboy - as Michael
  • 2004 De Dominee - as hitman
  • 2004 Gebroken Rood - as Goran
  • 2005 Zwarte Zwanen - as Vince
  • 2005 Medea - as Thomas
  • 2007 Oliver etc - as Olivier
  • 2007 Victor Nobel Victor - as Nobel
  • 2008 Hitte/Harara - as Michael
  • 2008 Hoe overleef ik mezelf? - as Sam Meyer
  • 2010 De Troon - as Kening Willem II (de jongere)
  • 2010 Hunting & Zn. - as Tako Hunting
  • 2010 In Therapie (telefyzjerige) - as Aron
  • 2010 Shocking Blue - as Wojtek
  • 2010 Brownian Movement - as Max
  • 2011 Rembrandt en ik - as Rembrandt (de jongere)
  • 2011 Claustrofobia-
  • 2012 De Geheimen van Barslet - as Bjorn Moonen

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: