Doris Day

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Love Me or Leave Me
Doris Day yn de iere 1950er jierren

Doris Mary Ann von Kappelhoff (Cincinnati, 3 april 1922) is in Amerikaansk sjongster, aktrise en diere-aktiviste. Hja waard bekend ûnder de artystenamme Doris Day.

Day's artistike karriêre begûn yn har lette tsienerjierren as sjongster yn in big band. Yn 1945 hie hja har earste hit, "Sentimental Journey", en yn 1948 ferskynde hja yn de film Romance on the High Seas. Yn har artistike karriêre hat hja yn 39 films spile en hat se mear as 650 lieten opnaam, ûntfong sy in Academy Award-nominaasje, wûn in Golden Globe en in Grammy Award, en krige yn 1989 de Cecil B. DeMille Award foar al har fertsjinsten yn spylfilms.

Day hat fjour kear troud west. Earst mei Al Jorden, in trombonist, dy't de heit waard fan har iennichst bern, Terry. Ferfolgens waard it George Weidler. Doe't dat houlik yn in skieding einige boaske hja oan Martin Melcher en bleaun by him oant er yn 1968 ferstoar. Melcher adoptearre har soan, dy waard doe Terry Melcher. Har fjirde en lêste houlik mei Barry Comden duorre mar koart en einige ek yn in skieding. Doris Day wennet yn Carmel, Kalifornje ûnder de namme Clara Kappelhoff. Day is mei Shirley Temple de iennichste frou yn de top tsien fan filmartysten dy't it measte publyk lutsen hat.

Populêr[bewurkje seksje | edit source]

Doris Day hat har grutte populêrens fral te tankjen oan har rollen yn romantyske komeedzjes:

  • Pajama Game - 1957;
  • Pillow Talk - 1959;
  • The thrill of it all - 1963;
  • Send me no flowers - 1964;
  • Do not disturb - 1965

en in oantal súksesfolle filmlietsjes:

  • It's magic út Romance on the high seas - 1948;
  • Secret love út Calamity Jane - 1953;
  • Que Sera, Sera (Whatever Will Be, Will Be) út Alfred Hitchcock syn film The man who knew too much - 1956.

Yn 1975 ferskynden har memôres ûnder de titel Doris Day: her own story.

Fan 1968 oant 1973 spile se yn de televyzjerige The Doris Day Show, dy't yn de jierren 70 ek yn Nederlân op de byldbuis kaam.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]