Domtsjerke fan Grosseto

Ut Wikipedy
Sint-Laurentiuskatedraal

Cattedrale di San Lorenzo

Lokaasje
lân Itaalje
regio Toskane
plak Grosseto
adres Piazza San Lorenzo, 16123 Genova
koördinaten 42° 45' N 11° 6' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Grosseto
patroanhillige Sint-Laurentius
Arsjitektuer
boustyl romaanske arsjitektuer
Webside
hiemside bisdom
Kaart
Domtsjerke fan Grosseto (Itaalje)
Domtsjerke fan Grosseto

De Domtsjerke fan Grosseto of Sint-Laurentiuskatedraal (Italjaansk: Duomo di Grosseto, Cattedrale di San Lorenzo) is de roomsk-katolike katedraal fan it bisdom Grosseto yn Toskane, Itaalje. De domtsjerke is wijd oan Sint-Laurentius.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de bou fan de hjoeddeiske tsjerke waard tsjin 'e ein fan 'e 13e iuw begûn ûnder lieding fan 'e arsjitekt Sozzo Rustichini út Siena. De nijbou ferfong de âldere Santa Maria Assunta-tsjerke. Fanwegen it útbrekken fan kriich mei Siena moast it wurk foar in skoft dellein wurde. Yn 1340 sette de bou wer útein.

Dêrnei ûndergyng de tsjerke feroarings neffens de moade fan 'e renêssânse en barok. Yn 1840-1865 folge in ferbouwing yn in neostyl. De gevel fan wyt, read en swart moarmer waard tusken 1840 en 1845 útfierd. Dekorative eleminten fan it oarspronklike gebou, lykas de symboalen fan 'e evangelisten, krigen op 'e nij in plak oan 'e gevel.

Fan it oarspronklike gebou bleau de súdlike kant bewarre. It wurk fan it ryk bewurke portaal, de finsters en it byld fan 'e patroanhillige wurdt taskreaun oan learlingen fan Giovani d’Agostino (1310-1348), dy't oan 'e katedraal fan Siena wurke.

It grûnplan hat in latynsk krús mei in transept en apsis. It ynterieur is ferdield yn in skip mei twa sydskippen dy't troch krúsfoarmige pylders fan inoar skieden wurde. Belangrike keunstwurken yn 'e katedraal binne in bewurke doopfont fan Antonio Ghini út 1470-1474 en it skilderij fan it Madonna delle Grazie-alter fan Matteo di Giovanni (1470).

De campanile (klokketoer) stiet oan 'e noardlike kant fan 'e tsjerke en waard yn 1402 foltôge en restaurearre yn 1911. De trep yn 'e toer datearret fan 1611.

Romeinske pylder[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De pylder mei it korintyske kapiteel by de rjochterhoeke fan 'e gevel datearret út de romeinske tiid en waard yn 'e midsiuwen brûkt foar it bekend meitsjen fan saken dy't de hiele stêd oangyngen.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel fan it bedriuw Mascioni stamt út 1959 en hie oarspronklik twa manualen. By de restauraasje fan it oargel yn 2004 waarden de registers ferdield oer trije manualen. It lûdsmateriaal is ferdield oer trije plakken: oan wjerskanten fan it koer en yn in ferhege nis rjochts njonken it presbitearium.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Italjaansktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: it:Duomo di Grosseto