Springe nei ynhâld

Dom fan Magdeburg

Ut Wikipedy
Magdeburger dom fan de hilligen Katerine en Mauritius

De Dom fan Magdeburg (Dútsk: Magdeburger Dom, offisjeel de Magdeburger dom fan de hilligen Katerine en Mauritius (Dom zu Magdeburg St. Mauritius und Katharina) is de haadtsjerke fan de Evangelische Kirche in Mitteldeutschland.

De dom is de âldste foltôge goatyske katedraal fan Dútslân en waard fan 1207 ôf as katedraal fan it aartsbisdom Magdeburg boud en yn 1363 ynwijd. Yn de dom waard Otto I, de earste keizer fan it Hillige Roomske Ryk, begroeven.

Oarkonde fan de stifting fan it kleaster fan Magdeburg
De domtsjerke by nacht
Byld fan de patroanhillige fan de dom
It ynterieur rjochting it easten
Kapel mei de bylden fan Otto en Edith
Portaalbylden fan de fiif ferstannige jongfammen
Bylden Otto en Edith
Twa portaalbylden fan de fiif sleauwe jongfammen
Maagdenburg, domtsjerke, doksaal
"Modern krúsbyld fan Jürgen Weber

In earste tsjerke op itselde plak hold ferbân mei de stifting fan it Mauritiuskleaster yn 937 troch Otto I de Grutte. Yn it jier 946 waard syn earste frou, keninginne Edith, hjir begroeven. Otto I hie blykber doe al Magdeburg ornearre as it plak dêr't hy sels ek begroeven wurde soe, ek al lei Magdeburg net sintraal mar oan de eastlike grins fan it ryk, en yn gearhing dêrmei fêstige hy yn de jierren 950 it aartsbisdom Magdeburg. Foar de Slacht op it Lechtfeld, dus noch foar syn kroaning ta keizer op 2 febrewaris 962, die de keizer it ûnthjit dat, mocht hy dy slach winne, hy yn Merseburg in bisdom oprjochtsje soe, dat blykber ûnder it noch op te rjochtsen aartsbisdom Magdeburg falle moast. Yn de jierren 950 waard úteinset mei in grutskalige nijbou. Om syn macht en oanspraken as opfolger fan de roomske keizers te demonstrearjen, liet hy in soad kostbere saken nei Magdeburg bringe, lykas it Codex Wittekindeus en pylders út de antike tiid, dy't letter by it koer fan de letromaanske-goatyske nijbou brûkt wurde soene. De earste domtsjerke wie nei alle gedachten in trijeskepige, krúsfoarmige basilyk mei in dwersskip, in eastlike krypte en in grut westlik atrium. Fuort by dizze tsjerke lei noardlik op it tsjintwurdige Domplatz in twadde, hast like grutte en tige ryk ynrjochte tsjerke, dy't mei de dom in dûbel tsjerkekompleks foarme. Mei't Magdeburg yn 968 in aartsbisdom waard, waarden Adalbert fan Trier de earste aartsbiskop en de Mauritiustsjerke ta biskopstsjerke opwurdearre.

Op 20 april 1207, mei Goedfreed, ferwoastge in brân in grut diel fan de stêd. Hjirûnder ek de dom, de noardlike tsjerke en de Keizerpalts.

De bou fan de tredde en hjoeddeiske domtsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albert I fan Käfernburg liet de resten fan de katedraal ôfbrekke en lei yn septimber 1207 de earste stien foar de tsjintwurdige, tredde domtsjerke. Foar dit doel waarden stiennen en pylders fan de âlde letromaanske dom op 'e nij ferarbeide.

De aartsbiskop hie yn Frankryk studearre en der wurdt oannommen, dat it beslút ta de bou fan in gruttendiels goatysk koer op him werom giet. De bou dêrfan begûn yn 1209, twa jier nei't de âlde dom ôfbaarnd wie. Tidens de bou fan it koer waard it plan wizige en waard besluten om it koer heger te bouwen. Ek tidens de bou fan it dwerskip en de eastlike traveeën fan tsjerkeskip waarden der feroarings yn de plannen trochfierd. Nei in ûnderbrekking fan de bou yn de twadde helte fan de 13e iuw waard de nijbou dêrnei stadichoan fierder nei it westen útfierd. It ferwulft sil yn de jierren '60 fan de 14e iuw ynboud wêze. Uteinliks waard it skip fan de tsjerke yn 1363 ynwijd.

De bou fan de westlike gevel mei de tuorren barde yn trije fazes. It ûnderste diel kaam foar 1274 ree, de twadde ferdjipping yn it tredde fearn fan de 14e iuw en de beide tuorren yn de twadde helte fan de 15e iuw respektivelik yn it earste fearn fan de 16e iuw. De ferbou fan de romte tusken de tuorren ta grêfkapel barde ûnder aartsbiskop Ernst II fan Saksen. Yn 1520 wie de domtsjerke dan einlings foltôge.

Reformaasje en Tritichjierrige Kriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de tiid fan de reformaasje wie Magdeburg in bolwurk fan it protestantisme. Dat hie foaral mei aartsbiskop Albert fan Brandenburg te meitsjen, dy't omraak yn ôflaten hannele en de minsken tsjin him yn 't harnas jage. Nei de dea fan de aartsbiskop yn 1545 waard de domtsjerke foar 20 jier sletten. Yn 1567 waard de dom in godshûs fan de nije lear en op de Earste Advintssnein fierden de ynwenners hjir de earste protestânske earetsjinst.

Troepen fan ginneraal Tilly feroveren de stêd yn de Tritichjierrige Kriich. Hiel Jeropa wie feralterearre sa't hy de stêd yn maaie 1631 ferwoastgje en plonderje liet. Tûzenen ynwenners holden harren yn de domtsjerke skûl en it wie oan dûmny Reinhard Bake te tankjen dat hja harren it libben der ôf rêden, nei't dy mei in knibbeling foar Tilly om it libben fan de ynwenners smeke hie.

Nei de Westfaalske Frede folge yn 1680 de sekularisaasje fan it aartsbisdom en de besittingen fan de tsjerke gyngen oer op it Hertochdom Magdeburg. Yn 1806, doe't de troepen fan Napoleon Magdeburg besetten, waard de dom foar opslach en hynstestâl brûkt. De izeren ringen yn de muorren fan de kleastergong soene út dizze tiid stamje. Yn 1814 kaam der in ein oan de Frânske besettting. Tusken 1826 en 1834 liet Freark Willem III fan Prusen de domtsjerke yngeand restaurearje.

De domtsjerke rekke yn de Twadde Wrâldkriich slim skansearre. Op it earste bombardemint fan 12 septimber 1944 op de dom ferwoastge in bom op it súdlike sydskip grêfmonuminten, alle brânskildere ramen yn de dom en, útsein de koerbanken, al it houten stuolte. De swierste loftoanfal op de stêd moast doe noch komme: op 16 jannewaris 1945 sloegen meardere bommen op de sydskippen yn en meiïnoar gyng likernôch oan 300 m² ferwulft te neat. Op 17 febrewaris 1945 sloech in fjoerbom tsjin de westlike gevelkant fan de dom yn en ferneatige dêrmei it ferwulft boppe it grutte oargel. De brân dy't doe ûntstie koe dwêste wurde, sa't it dakstuolte gruttendiels yntakt bleau.

Allinnich de eastlike dielen fan de tsjerke mei it koer, de koeromgong en de koergalerij bleaune folslein bewarre. Nei in restauraasje waard de dom op 22 september 1955 tagelyk mei de beëdiging fan biskop Johannes Jänicke op 'e nij iepene.

Yn de tiid fan de Wende wie de dom it brânpunt fan de oansteande feroarings. Net yn it lêste plak droegen de oproppen fan de oan de dom ferbûne dûmny's Giselher Quast en Waltraut Zachhuber ta betochtsumens by oan it fredige ferrin fan de fredige revolúsje yn Magdeburg.

Sûnt 2006 wurdt de iere bouskiednis fan de Magdeburger dom archeologysk ûndersocht om sa mear kennis oer de foargongers fan de dom te garjen. By dit ûndersyk waard it oerskot fan de yn 946 ferstoarne keninginne Edith, de frou fan Otto de Grutte, ûntdutsen.

Njonken de funksje fan biskoplike tsjerke fan de Evangelischen Kirchenprovinz Sachsen (EKKPS) is de dom ek parochytsjerke fan de sûnt 1869 besteande domgemeente. Sûnt de fúzje fan de EKKPS mei de Evangelisch-Lutherischen Kirche yn Thüringen is de dom ien fan de beide haadtsjerken fan it nije ferbân Evangelischen Kirche in Mitteldeutschland (EKM).

Alle jierren komme der mear as 100.000 toeristen om de tsjerke te besjen. Sûnt de maaitiid fan 2005 kin ek ien fan de beide tuorren wer beklommen wurde. Yn 2009 waard it 800-jierich jubileum fan de letromaansk-goatyske dom fierd.

Keunstwurken (seleksje)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De tsien portaalbylden fan de ferstannige en sleauwe jongfammen stamme út 1240-1250.
  • It doksaal skiedt it hege koer fan de rest fan de tsjerke. It waard om 1450 hinne boud en is mei de bylden en ornaminten in wichtich wurk út de heechgoatyk.
  • Yn de apsis binne antike pylders te sjen, dy't mooglik út Ravenna ôfkomstich binne. Otto I helle de pylders út Itaalje foar de bou fan de earste domtsjerke.
  • Neffens de oerlevering soe ek it doopfont troch Otto de Grutte meinaam wêze, in oarspronklik achthoekige romeinske fontein.
  • De preekstoel datearret fan 1595-1597.
  • It grêf fan Otto I leit yn it koer. Doe't yn 1844 it grêf iepene waard fûn men in it oerskot en klean.
  • De fan Boheemsk marmer makke alterplaat fan it heechalter yn it koer heart mei in ôfmjitting fan 4,30 meter by 1,95 meter ta de grutste fan de Kristenheid. It alter waard yn 1363 wijd.
  • De bylden fan de hilligen Katerina en Mauritius waarden troch deselde keunstner makke en stamje út 1250. It byld fan Mauritius wurdt sjoen as de âldst bekende Jeropeeske foarstelling fan in swarte Afrikaan.
  • De twa bylden yn de om 1250 hinne boude sechtjinshoekige kapel binne 14e iuwsk en stelle Otto I en syn frou foar.
  • It koerstuolte datearret fan 1363. It houtsnijwurk oan de banken toant foarstellings út it libben fan Kristus. De ûnbekende master makke nei alle gedachten ek it koerstuolte fan de Bremer dom.
  • De domtsjerke telt in grut tal grêfmonuminten, epitafen en grêfsarken út de 12e en 14e iuw. Hjirûnder ek in monumint foar de aartsbiskop Freark fan Wetting, mei oan syn fuotten in byldsje fan in jonkje dy't in toarn út syn foet lûkt. De brûnzen tombe fan aartsbiskop Ernst waard yn 1495 troch Peter Vischer de Aldere út Neurenberg getten.
  • It Magdeburger Ehrenmal (Earemonumint fan Magdeburg) is in wurk fan Ernst Barlach út 1929. It betinkt de slachtoffers fan de Earste Wrâldkriich. Yn de nasjonaal-sosjalistyke tiid waard it tydlik út de tsjerke ferwidere. Yn 1955 kaam it monumint werom yn de tsjerke.

De kleastergong súdlik fan de dom giet yn de âldste dielen werom op de Ottoonske tiid. Om't de oriïntaasje fan de foargonger fan de hjoeddeiske domtsjerke krekt efkes oars lei, is de plattegrûn fan de krúsgong net rjochthoekich mar trapezefoarmich. Yn de krúsgong binne tal fan reliëfs en grêfsarken te sjen. Oan de eastlike fleugel grinzget de twaskepige ytsaal út 1350. Oan de ytsaal slúte de Marienkapelle út it midden fan de 15e iuw en de yn 1405 stifte Redekinkapelle oan. Yn it Brunnenhaus stiet it monumintale krúsbyld út 1986 fan de keunster Jürgen Weber. Kristus hinget oan in toarre beam ynstee fan oan it krús. De beam rint wer út op de plakken dêr't it bloed fan Kristus de beam rekket.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: Magdeburger Dom


Keppeling om utens