Dirk van Hogendorp (1797-1845)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Mr. Dirk van Hogendorp (Amsterdam, 18 desimber 1797Den Haach, 18 maart 1845), soan fan Gysbert Karel van Hogendorp, neef fan Dirk van Hogendorp, wie in Nederlânsk jurist. Hy stamme út it laach Van Hogendorp.

Van Hogendorp studearre rjochten yn Leien. Hy promovearre dêre yn 1822 ta doktor 'yn beide rjochten' (Doctor iuris utriusque). Yn syn stúdzje rekke beynfloede fan dichter Willem Bilderdijk. Yn 1830 waard van Hogendorp substitút-offisier by de rjochtbank yn Amsterdam. Letter waard er riedshear yn it Provinsjaal Gerjochtshof fan Súd-Hollân. Datselde jier boaske er syn folle nicht jkfr. Marianne Catherine van Hogendorp (1805-1878). Sy krigen mear as ien bern, ûnder oaren jkfr. Marianne van Hogendorp (1834-1909) en jkfr. Anna van Hogendorp (1841-1915), beide feministes en foarfjochters fan it frouljuskiesrjocht.

Simmer 1823 makke Dirk van Hogendorp mei syn freon Jacob van Lennep in fuotreis troch Nederlân. Beide holden van deze tocht deiboeken by; dat fan Van Lennep is letter útbrocht ûnder de titel Nederland in den goeden ouden Tijd (1943) en Lopen met Van Lennep (2000) besoarge troch Marita Mathijsen en Geert Mak.
De lêste útjefte ferskynde fanwege de fan Theo Uittenbogaard makke tiilevyzjerige De Zomer van 1823 foar de RVU mei Geert Mak oer de fuotreis.

Van Hogendorp stie altyd yn it skaad fan syn heit, de grûnlizzer fan de earste Nederlânske Grûnwet.

It argyf fan Van Hogendorp oer It Reveil is opnaam yn de Catalogus Kluit 1955 fan de bibleteek fan de Universiteit fan Amsterdam.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: