Geert Mak
Geert Ludzer Mak (Flaardingen, 4 desimber 1946) is in Nederlânske jurist, sjoernalist en skriuwer.
Ynhâld |
Biografy [bewurkje seksje]
Mak waard berne yn Flaardingen, as neikommelinkje fan dominy Catrinus Mak en Geertje van der Molen, yn in húshâlding fan acht persoanen. Hy groeide op yn Hurdegaryp, en folge it Gereformeerd Gymnasium te Ljouwert. Yn 1966 begûn er mei in stúdzje steatsrjocht en rjochtssosjology aan de Frije Universiteit te Amsterdam, om yn 1967 oer te stappen nei de Universiteit fan Amsterdam. Doe't er yn 1972 ôfstudearre waard er yn 1973 dosint steats- en fremdlingenrjocht oan de Universiteit Utert. Sûnt 1975 wurket er foar de Groene Amsterdammer en NRC Handelsblad, en dêrnei foar de VPRO. Yn de tachtiger jierren wurket er as fraksjemeiwurker by de PSP. Yn de njoggentiger jierren waard er fulltime skriuwer. Hy beklaaide de Wibautlearstoel oan de Universiteit fan Amsterdam fan 2001 oant 2003.
Alhoewol't Mak gjin oplieding ta histoarikus folge hat, waard er twa kear troch it Historisch Nieuwsblad útroppen as historikus fan it jier[1] en krige er yn 2004 in earedoktoraat fan de Iepen Universiteit "foar syn wichtige en orizjinele bydrage oan de skiednisskriuwerij "[2].
Bibliografy [bewurkje seksje]
- 1992 - De engel van Amsterdam
- 1995 - Een kleine geschiedenis van Amsterdam
- 1996 - Hoe God verdween uit Jorwerd
- 1997 - Het stadspaleis
- 1998 - Het ontsnapte land (boekenweek-essay)
- 1999 - De eeuw van mijn vader
- 1999 - Ooggetuigen van de wereldgeschiedenis in meer dan honderd reportages (ynliede en gearstalle troch Geert Mak en René van Stipriaan)
- 2000 - De zomer van 1823 / Lopen met Van Lennep (mei Marita Mathijsen)
- 2001 - De goede stad (oraty)
- 2002 - De nachtmerrie van Steiner (tegearre mei Felix Rottenberg)
- 2004 - In Europa
- 2005 - Gedoemd tot kwetsbaarheid
- 2005 - Nagekomen flessenpost
- 2006 - Het eiland
- 2007 - De brug (Boekewikepresint)
- 2007 - De goede stad
- 2008 - Verleden van Nederland (mei Jan Bank, Gijsbert van Es, Piet de Rooy en René van Stipriaan)
- 2012 - De hond van Tišma
- 2012 - Reizen zonder John. Op Zoek naar Amerika
Keppeling om utens [bewurkje seksje]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |