Boask

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De boask of it houlik is yn de westerske beskavingen en yn in grut part fan de net-westerske beskavingen in wetlik regele, formele gearlibbingsfoarm foar it libben dy't de fundearring foarmet fan de measte húshâldings en dy't mear yn it algemien fan belang is as legaal en sosjaal akseptearre fûnemint ûnder seksuele relaasjes en famyljeferbannen. De krekte definysje hinget ôf fan de histoaryske en kulturele kontekst.

Neffens it CBS waarden der yn Nederlân yn 2007 72.485 houliken sletten, dêr't fan 1.371 tusken persoanen fan itselde geslacht (saneamde homohouliken) en 5.333 yn it bûtenlân.