Derk Sibolt Hovinga

Ut Wikipedy
Derk Sibolt Hovinga
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Derk Sibolt Hovinga
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 22 oktober 1909
berteplak Oostwold
stoarn 31 desimber 1990
stjerplak Oostwold
wurk
taal Grinslânsk
sjenre gedichten

Derk Sibolt Hovinga (Oostwold, 22 oktober 1909 - Oostwold, 31 desimber 1990) wie in dichter dy’t yn it Grinslânsk skreau .

Hovinga studearre Alde Talen en buorke yn it Oldambt. Hy skreau benammen oer de natuer en oer Grinzer kultuer fan dat goa. Guon fan syn gedichten gean ek oer histoaryske ûnderwerpen, mytology, folksferhalen en mystike ûnderfinings. Hy hat njoggen dichtbondels útjûn. Hovinga wie yn de jierren fyftich redakteur fan it tydskrift foar Nedersaksyske literatuer 't Swieniegeltje en droech dêr ek eigen wurk en boekbesprekkingen oan by.

Yn 1983 krige Hovinga de Literêre Priis fan Stichting 't Grunneger Bouk oerlange foar syn dichtwurk.

Omreden dat syn wurk as muzikaal sjoen wurdt, hat it projekt Oost-Groninger Wereldmuziek guon fan syn lieten op muzyk set en dy yn 2008 yn Oostwold, net fier fan syn eardere wenhûs, útfierd.

Marten Grupstra hat in stânbyld fan Hovinga makke, en H.B. Reininga hat in biografy fan him skreaun, Derk Sibolt Hovinga: Dichter en boer. De waarheid achter de mythe. It D.S. Hovinga-fûns jout syn dichtwurk út en stipet ek oare kultueruteringen yn it Grinslânsk.

Priuwke fan syn wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

O nacht
Het aailand rust.
Ik stoa mit die allain
Hier aan de leste kust
En om ons roest de zee.
O wenst,
Het aiweg laid,
Dat in en om ons waait,
En het gain enne nait,
En roest ook in de zee.

Ut it gedicht t Aailand van geluk

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Störm en stilte (1952)
  • Miemern in twijduustern (1960)
  • Oogst van mien aner laand (1968)
  • Noar 't Adrillenmaart in Winschoot
  • De raaise noar Peries van twij Oldamster boeren
  • Balloaden, mythen, overleverns, gedichten en laiden van 't kustvolk (1980)
  • Bloaren aan de levensboom (1982)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: