Denis Fonvizin

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Denis Fonvizin

Denis Ivanovitsj Fonvizin (Russysk: Денис Иванович Фонвизин) (Moskou, 3 april 1744 (of 1745) - Sint-Petersburg, 1 desimber 1792) wie in Russysk skriuwer. De aadlike famylje Fonvizin wie oarspronklik fan Lyflânsk komôf.

Libben en wurk[bewurkje seksje | edit source]

Doe't 1755 de Universiteit fan Moskou krekt fan Michail Lomonosov oprjochte wie, waard Fonvizin ien fan de earste learling oan it gymnasium dat oan de universiteit anneks wie. Fan hûs út spriek er floeiend Dútsk en Frânsk en waard er beynfloede troch de ideeën fan de Ferljochting. Yn it earstoan fertsjinne Fonvizin de kost mei it oersetten fan Frânske en Dútske literatuur yn it Russysk.

Fonvizin wurke letter as sektaris by minister fan Bûtenlânske Saken greve Nikita Panin dy't in soad ynfloed hie, en waans broer Pjotr Panin yn 1775 in ein makke hie oan de reboelje fan Poegatsjov. Fonvizin koe frijwat ûnbehindere skriuwe mei Panin as beskermhear. Hoewol't Pan it letter bedoarn hie by Katarina de Grutte, wie er te wichtich en populêr om arrestearre te wurden. Sadwaande koe Fonvizin him in protte permitearje yn sy toanielstikken en wie er de iennige toanielskriuwer fan belang yn dy tiid dy't net fêstset waard.

De Adolesint[bewurkje seksje | edit source]

Fonvizins wichtichste wurk is it toanielstik De Adolesint (Russysk: Недоросль, út 1782). It stik giet oer it libben fan in húshâlding fan lânadel.
It wurk is om mear as ien reden nijsgjirrich. Yn't earste had it in protte ynfloed op it Russysk hân. In protte sizzen út it stik waarden letter sprekwurden. Ek polityk wie it fan belang. It ûnder kuratele stellen fan de húshâlding yn it stik om reden fan de minne behanneling fan de liifeigenen, wie yn dy tiid bot foarútrinnend. Fierders beskriuwt Fonvizin middels dialogen tusken de wize omke en de krekt beneamde regionale kommandant, in freon fan him, it hanneljen nei eigen goedachtsjen oan it hof. Eltse oare skriuwer soe dêrfoar arrestearre wêze, mar de beskerming fan Panin en de populariteit by it publyk soargen derfoar dat dat net barde.

Oar wurk en literatuer yn it Nederlânsk[bewurkje seksje | edit source]

  • Denis Fonvizin. "Brieven uit Frankrijk 1777-1778. Een Russische bojaar op Grand Tour aan de vooravond van de Franse Revolutie". Antwerpen, Benerus, 2006. ISBN9080636355
  • Denis Fonvizin. "De landjonker". Amsterdam, Pegasus, 2009. ISBN 978 90 6143 338 5
  • E. Waegemans. "Russische literatuur van de 18e eeuw". Antwerpen, Benerus, 1996. ISBN 90 8026 81 3 5