Deksân

Ut Wikipedy

Deksân is in sedimint dat yn it Lêste Glasiaal, it Weichselyn neamd, as in pakket sân troch hurde wyn ôfset waard[1]. It deksân waard yn in periglasiale tastän ôfset en koe him dus foarmje omreden dêr amper fegetaasje oanwêzich wie, fanwegen de ûnbidige kjeld. Yn sokke sitewaasjes kin de wyn syn gong gean en kin it sân dat oan it oerflak leit, troch de wyn ferfierd en fannijs ôfset wurde.

Yn grutte parten fan Noardwest-Jeropa waard deksân yn it Weichselyn ôfset, doe't in grutte iiskape oant yn Denemark kaam. Yn dy tiid lei de Noardsee drûch en foarmen grutte parten fan Nederlân, Belgje en Noard-Dútslân in soarte fan tûndra of poalwoastyn mei net djippe rivierbêden. Ynearsten waard tocht dat it deksân út de drûchfallen Noardsee kaam, mar út mineralogysk ûndersyk hat biken dien dat de gearstalling fan it deksân sterk op pleatslik foarkommende formaasjes liket.

Yn it Ier-Glasiaal wie der noch wat fegetaasje en barde de ferstowing benammen pleatslik. Yn it Pleniglasiaal, it kâldste part fan it Weichselyn, wie de fegetaasje sa goed as fuort en doe koene dêr oer grutte lapen gebiet ferstowings ôfset wurde. Dy ôfsettings wurde it "âlde deksân" neamd en dêr ûntstie in deksântekken mei hjir en dêr ûnderbrutsen troch horizontale liemlagen. Tusken de twa lagen âlde deksân is in laach mei in soad grind dy't yn de kâldste en drûchste perioade fan it Pleniglasiaal ôfset waard. Dat grind waard mank mei sân en liem troch lytse rivierkes, dy't dêr yn dy tiid in soad wiene en oer it befrearen grûn streamden, ôfset. Dy sediminten besteande út lytse kerrels waarden letter troch de wyn fuort ferfierd, dêr't de grind dêrnei oerbleau. De grindstiennen waarden troch waar en wyn yn de rin fan de tiid ôfflakke.

Yn it Let-Glasiaal waarden de temperatueren heger en ûntstie stadichoan mear begroeiïng, en sadwaande waard de ferstowing wer pleatsliker. Doe waard it "jonge deksân" ôfset. Dat jonge deksân bestiet benammen út pleatslik âlder deksân dat ferstood waard. Troch it tanimmen fan de begroeiïng waard it opstode deksân op guon plakken fêstholden en doe ûntstiene saneamde deksânrêgen, dy't op in tal fan plakken yn Fryslân noch te sjen binne.

In soad âlde delsettings ûntstiene op de hegere en drûgere dekânrêgen. In goed foarbyld is it iesdoarp, dat almeast net oan in beek, mar op in êfstân dêrfan leit.

Deksânôfsettings yn Fryslân binne benammen te finen yn it súdeasten en easten fan 'e provinsje en yn Gaasterlân. Yn it westen en noarden fan 'e provinsje waarden deksânôfsettings bedutsen troch holosene ôfsettings en dus net mear oan 'e oerflak te finen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noaten
  1. Schroor, Meindert, De wereld van het Friese landschap. Wolters-Noordhoff, Grins (1993).
Boarnen