De Vliegende Hollander (útjouwerij)

Ut Wikipedy
De Vliegende Hollandere
algemien
nasjonaliteit Nederlânsk
type privaat
sektor útjouwerij
fêstige yn Amsterdam
oprjochte 2009
opdoekt 2011
mem Dutch Media Uitgevers
offisjele webside
www.uitgeverijdevliegendehollander.nl

De Vliegende Hollander wie in Nederlânske útjouwerij dy't bestie fan 2009 oant 2011. It bedriuw makke diel út fan Dutch Media Uitgevers, en publisearre fertaalde stripalbums en fantasyliteratuer út 'e Feriene Steaten en it Feriene Keninkryk. Under de útjeften fan De Vliegende Hollander wiene klassike stripalbums as Watchmen, V for Vendetta en From Hell, striprigen as Hellboy en Y the Last Man, en romansearjes as The Dresden Files. Yn april 2011 waard de stekker út it min rinnende bedriuw lutsen. Guon publikaasjes waarden oerhevele nei oare ûnderdielen fan Dutch Media Uitgevers.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: