Springe nei ynhâld

Cymdeithas yr Iaith Gymraeg

Ut Wikipedy
Flagge fan Wales

Cymdeithas yr Iaith Gymraeg (Feriening foar de Welske taal), meastentiids ôfkoarten ta “Cymdeithas” is in organisaasje yn Wales dy’t warber is om de Welske taal te behâlden. De hjoeddeistige foarsitter is Mabli Siriol (2020). Cymdeithas bestiet foar in grut diel út frijwilligers.

De feriening is oprjochte op 4 augustus 1962 yn Pontarddulais yn it suden fan Wales.Mar hie gjin grûnslach oant 18 maaie 1963. De grûnslach dy’t doe opsteld is, is ynspirearre troch de Jierlikse BBC radiolêzing op 13 febrewaris fan 1962. Saunders Lewis lies in rede foar mei de namme “It lot fan de taal”.

It earste publike ferieningsprotest wie yn oktober 1962 yn Aberystwyth: sa’n 70 stipers holden it ferkear tsjin foar in heal oere. Dat wie de earste aksje yn in rige om in offisjele status fan it Welsk te krijen. Sa moasten neffens de feriening de plaknammeboerden feroarje, skoallen mear Welske lessen jaan en offisjele stikken yn it Welsk skreaun wurde.

De feriening leaut yn fredige aksjes. In soad kampanjes binne útfochten yn de rjochtseal. In soad stipers binne oanholden yn al dy jierren. Yn de begjinjierren hat de feriening warber west om in Welske radio en telefyzjestasjon te krijen. It resultaat is Radio Cymru dy’t oprjochte is yn 1977. In telefyzjestasjon soe der yn 1979 komme mar dat is doe net trochgien ta grutte teloarstelling fan de feriening.

Cymdeithas wol dat it Welsk deselde status kriget as it Ingelsk. Yn 1993 is der in wet oannommen dy’t seit dat it Welsk krekt sa behannele wurde moat as it Ingelsk. Cymdeithas fynt dat dat no net genôch bart. As it Welsk de offisjele status kriget, dan kin it profitearje fan de Jeropeeske foardielen dy’t by dy status hearre.

Cymdeithas hat de aktiviteiten ferdield yn ferskillende gebieten: Wales 2020

  • Cymdeithas hopet dat yn 2020 de taal feilichsteld is en wol tefoaren komme dat yn 2020 de taal yn krisis is. It is in warskôging foar alle minsken dat it hiel goed giet mei de taal of dat it op de kop ferkeard komt.

Nije Welske taalwet groep

  • Dy groep is dwaande om politike druk te setten om nije wetjouwing oan te nimmen om it Welsk better te beskermjen.

Ûnderwiis groep

  • Welske taalles moat jûn wurde op alle skoallen en op alle ferskillende nivo’s. Op de basisskoalle is it faak al mooglik om les te krijen yn it Welsk mar op HBU nivo en op universitêr nivo is it noch net mooglik. Ek wol de ûnderwiisgroep dat der mear lessen yn it Welsk jûn wurde.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]