Aberystwyth

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Aberystwyth
Aberystwyth shore.jpg
Sifers
Ynwennertal 15.935 (2001)
Polityk
Lân Feriene Keninkryk
Dielsteat Wales
Greefskip Ceredigion
Oar
Koördinaten

Aberystwyth (pleatslik faak Aber) is in plak (town) yn Wales, yn it bestjoerlike greefskip Ceredigion en it seremoanjele greefskip Dyfed oan de kust fan de Ierske See.

De stêd leit oan de mûning fan de rivieren Ystwyth (dat is ek wat de namme betsjut) en de Rheidol, en hat likernôch 18.000 yn wenners (status 2005). Yn de omkriten binne gjin grutte plakken; Swansea leit 110 km nei it suden; Shrewsbury, yn Shropshire, Ingelân, 120 km nei it easten. Aberystwyth is in histoaryske merkstêd, mei in protte moderne gebouwen, mar ek in flink tal âlde gebouwen, sa as de ruïne fan in 13e ieusk kastiel.

Aberystwyth is in wittenskiplik wichtich sintrum (ûnder oaren op it mêd fan planteferedeling), en hat it âldste kolleezje fan de Universiteit fan Wales (1872). Njoggen moannen yn it jier kriget de stêd sa'n 8800 studinten oer de flier. De Nasjonale Bibleteek fan Wales (1907) is ek fan belang, dêr wurdt in âlde hânskriftsamling bewarre.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]