Cuneus Frisionum
Cuneus Frisionum of Cuneus Frisiorum ('kylfoarmige kriichsformaasje fan Friezen') is de namme dy't troch de Romeinen brûkt waard foar in ôfdieling Fryske helptroepen yn harren leger.
Yn de 3e iuw wienen der yn it Romeinske Ryk meardere helptroepen (auxilia) gearstald út striders fan net-Romeinske folken. De kriichsformaasje dy't yn dy tiid meastentiids brûkt waard wie de cuneus (Latyn foar 'kyl'). Troch de soldaten sels waard dat de "bargekop"-formaasje neamd. Tasitus beskriuwt yn syn Historiae dizze wize fan striden as "oan alle siden ticht op inoar plakt en befeilige yn de punt, de efterhoede en de flanken".
Tanksij in alterstien fûn yn Housesteads by Hexham yn it noarden fan Ingelân, is bekend dat der Fryske hiersoldaten by it Romeinske leger yn tsjinst wienen. Dizze stien, dy't oprjochte waard troch Friezen, datearret út likernôch 222-235 en is wijd oan Mars Thingsus. Mars Thingsus, betsjut letterlik 'Mars fan it ding' en is sûnder mis de Frysk-Germaanske god Tyr dy't de Romeinen mei harren god Mars lykstelden.
De tinkstien hat as ynskripsje: "DEO MARTI ET DVABVS ALAISIAGIS ET N AVG GER CIVES TVIHANTI CVNEI FRISIORVM VER SER ALEXANDRIANI VOTVM SOLVERVNT LIBENTES M".
Op de Muorre fan Hadrianus binne noch mear spoaren fûn fan oanbidding fan de god Tyr.