Romeinen yn Fryslân
It tiidrek Romeinen yn Fryslân leit tusken 12 f. Kr. oant om-ende-by 400 n.Kr.. Yn 12 f. Kr. begûn de Romeinske generaal Drusus in kampanje yn Germaanje. Yn dy fjildtocht moete hy de Friezen. Dy Friezen joegen harren sûnder tsjinstân oer. Se leveren sels soldaten doe't Drusus op it waad yn problemen kaam. Drusus lei de Frisii in ridlike skatting op yn kowehûden. Wat oars hawwe hja nei alle gedachten net hân.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Status fan de Friezen
De status fan de Friezen yn it Romeinske ryk is hjoeddedei lykwols net dúdlik. Ut ferskate fynsten docht bliken dat de Friezen in bân han hawwe mei it ryk. Der binne sân-en-tritich brûnzen goadebyldsjes fûn, munten, soldateskuon en wapens. En de Friezen betellen skatting, neffens de ôfspraak mei Drusus. Mar it is net wis oft de Frisii as part fan it ryk beskôge waarden. De munten betsjutte mooglik allinnich dat der hannel wie tusken Friezen en Romeinen.
It liket der mear op oft de Romeinen wiene harren grinzen fan macht oan it ferkennen. Doe't yn 47 it beslút nomd waard om de Ryn ta ryksgrins te meitsjen, waarden de Frisiavones dêrmei al yn it ryk opnaam, mar de Frisii net. Yn hjoeddeisk Fryslân binne oant no ta dan ek gjin forten fûn al wize fynsten yn Winsum wol op de oanwezigens fan Romeinske soldaten bûten de ryksgrins. Sokke forten waarden namentlik boud troch de Romeinen at hja in folk ferslein hiene en hja bliuwe woenen. Mooglik hie Drusus kampen ynrjochte op de fierste punten fan syn tocht, oan de Iems en de Weser yn it gebiet fan de Sjauken en hawwe sy ek yn de omjouwing fan Winsum west. Nei alle gedachten wie it gebiet fan de Frisii troch him frijlitten.
[bewurkje seksje] De Fryske Opstân
Yn 28 nei Kristus stelde Olennius dat de kowehûden net de mjitten fan hûden fan de lytse Fryske kij hawwe moasten, mar dy fan de oerokse. Dit wie foar de Frisii net mooglik. Har fee wie sa grut net en allinnich op 'e râne fan harren gebiet kaam mooglik wolris in oerokse, mar net genôch foar de skatting. Lykas Olennius witte moatten hat koenen de Friezen dêr net oan foldwaan. Mei dy rjochtfeardiging namen de Romeinen earst de kei fuort, doe it lân en doe de froulju en bern. Dit soarge foar in opstân. De soldaten dy de skatting ynjen kamen waarden pakt en ophongen. Olennius ûntsnapte nei it fort Flevum, dêr't er troch de Frisii belegere waard. Lapronius, de gûferneur fan Neder-Germaanje, besocht de opstân te ûnderdrukken en rôp de help yn fan de legioenen fan Boppe-Germaanje. Hy koe de Friezen werom driuwe nei de omkriten fan fort Flevum, mar dat slagge allinnich mei grutte ferliezen. De skatting koe er net op 'en nij ynstelle.
[bewurkje seksje] De swette
De opstân besoarge de Frisii in goeie reputaasje by oare Germaanske folken. Sy lutsen harren net folle mear oan fan de Romeinen. Kloften Friezen besette lânbougrûn dy't foar soldaten ornearre wie fan Rome. Ek woene se net út de nije doarpen wei gean dy't se krekt stifte hiene. Yn 47 nei Kristus waarden de Friezen op 'en nij ferslein. Diskear troch Korbulo, mar foar in koarte tiid. Fan Korbulo is wis dat er de Frisii wol yn it ryk besocht op te nimmen. Hy boude in fort op Fryske grûn en yntrodusearre bestjoer yn Romeinske styl. Wer't it fort (nei alle gedachten in kastellum) krekt stien hat is net bekend. Korbulo waard troch keizer Klaudius lykwols werom ropt en dy lei de Ryn definityf fêst as grins fan it Romeinske ryk.
Yn 54 nei Kristus feroverjen de Friezen, op inisjatyf fan Ferritus en Maloriks, it buffergebiet by de Ryn lâns. Doe't de Romeinen drigen de legioenen yn te setten om de swette wer frij te meitsjen, waard der in delegaasje nei keizer Nero stjoerd. Dy delegaasje frege goedkar om it gebiet yn besit te nimmen. Nero wegere dit en hiet de Frisii om de Rynstreek te ûntromjen. Doe't de Frisii har net ferplakten, waarden hja koarte tiid letter troch hynstemannen en helptroepen fuortreage.
[bewurkje seksje] De Bataafske opstân
Yn 68 nei Kristus gong it gebiet definityf ferlern foar de Romeinen. By it begjin fan it Fjouwerkeizersjier waard Julius Sivilis by de Friezen yn feilichheid brocht. De Friezen stypjen de dêrop folgjende opstân fan de Bataven. Sy ferneatige twa forten oan de see en krigen in part fan de Romeinske Ryn-Flottylje yn hannen. Dernei leveren hja helptroepen dy't per slot yn de buert fan Keulen troch Keulenaars fermoard waarden.
Fan dy tiid ôf geane de Romeinen en de Friezen ûntspannender mei elkoar om. By in lettere oanfal fan de Sjauken, yn de 2e ieu, kamen de Friezen net mear yn opstân. Yn Brittanje binne grêfskriften fûn út it begjin fan de tredde ieu dy't ferwize nei de Kuneus Frisiorum Finoviensium, Kuneus Frisiavonum Ferkovisensium en de Kuneus Frisionum Aballavensium, ôfdielings fan de helptroepen dy't Friezen stjoerd hawwe, al is it net dúdlik of dit Frisii of Frisiavones wienen.
[bewurkje seksje] Ynfal troch de Sjauken
Yn it tiidrek 172-174 binne de Sjauken, it buorfolk fan de Friezen, op oarlochspaad en hâlde plondertochten yn Gallia Belgica (hjoeddeiske Flaanderen). Arras wurdt platbaarnd, de steden Bavay, Thérouanne en Doornik wurde foar it grutste part fernield. Mar ek de Friezen hawwe ûnder dizze kriichsoprisping fan de Sjauken te lijen want der is sprake fan in ynfal yn Noard-Nederlân. Yn Fryslân en Grinslân waarden doe inkele jildskatten begroefen. In strafekspedysje troch de Romeinske keizer Marcus Didius Julianus makket in ein oan dizze plonderingen. [1] Lâns de Noardseekust en it Kanaal lit er forten bouwen (Litis Saxonicum).
[bewurkje seksje] It weromlûken
Fan likernôch it jier 250 begûn it tal fan oanfallen troch Germanen de Ryn oer ta te nimmen. Oan de ein fan de tredde ieu waard it sa slim dat feitlik in grut kustgebied en in grut grinsgebiet frijjûn waarden as oarlochsgebiet: ynfallers waarden talitten mar waarden dan opfongen troch ienheden fan hynstemannen. It lân oan de kust waard ek fan minder belang troch de seestiging. Yn de fjirde ieu waard nochris besocht de grins mei nije forten te fersterkjen, mar ek dy koenen net stân hâlde. Mei ek noch ynterne problemen lûtsen de Romeinen fuort fan de grins mei de Friezen.
[bewurkje seksje] Argeologyske fynsten
Wat de fynsten oanbelanget dy't wize op Romeinske bewenning is de provinsje Fryslân suterich tabedele, útsein Romeinske munten en keapwaar dy't oeral wol fûn wurde. Allinnich by Winsum binne nochal wat spoaren fûn út de 1e ieu dy't wize op de oanwêzigens fan Romeinen en rjocht dogge oan ferûnderstellings dat de Romeinen hjir in wachtpost hân hawwe dêr't sy kowehûdenbelêsting ynbarden. Wol binne der twa skriftlike boarnen fûn dy't eat sizze oer de Romeinske tiid. De earste is it Skriuwplankje fan Tolsum en twads is der de Hludana-stien, dy't by ôfgravings fan in terp yn Bitgum yn 1888 fûn is. De ûnthjitstien is wijd oan de goadinne Hludane, der wurdt in ferbân lein tusken de goadinne en de fiskerij. Troch de Latynske ynskripsje is te sjen dat de stien stammet út it begjin fan ús jiertelling. Skriftlike boarnen oer it eigen gebiet út de Romeinske tiid binne tige seldsum.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Literatuer:
Primêre boarne:
Fuotnoat:
|