Cockburn Town

Ut Wikipedy
Cockburn Town
Polityk
Lân Feriene Keninkryk
Oerseesk territoarium Turks- en Kaikoseilannen
Eilân Grand Turk
Sifers
Ynwennertal ± 4.000 (2005)
Oar
Stifting 1681
Koördinaten

Cockburn Town is de haadstêd fan de Turks- en Kaikoseilannen ,leit op it haadeilân Grand Turk en hat sa'n 4000 ynwenners.

De haadstrjitten wurde oerhearske troch 18e en 19e iuwske arsjitektuer. Fierders binne der in protte smelle steechjes.

Ut de skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1512 lâne de Spaanske ûntdekkingsreizger Juan Ponce de León op Grand Turk, wierskynlik op it plak dêr't no Cockburn Town leit. Cockburn Town waard stifte yn 1681 troch kolonisten dy't fan Bermuda kamen. It doarp waard fan doe ôf brûkt foar de sâltwinning. Sûnt 1766 is it de haadstêd fan de eilânsteat. Yn 2008 waard de stêd swier skansearre troch de orkaan 'Ike'.


Nasjonaal museum fan de eilannen, yn Cockburn Town. It gebou soe 180 jier âld wêze en is foar in grut part boud fan skipswrakhout.