Christianus Petrus Eliza Robidé van der Aa

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Christianus van der Aa

Mr. Christianus Petrus Eliza Robidé van der Aa (Amsterdam, 10 oktober 1791 - Oosterbeek, 14 maaie 1851) wie in Nederlânsk jurist en auteur. Mei Potgieter foarme er de earste redaksje fan it tydskrift De Gids.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Hy promovearre op 27 desimber 1811 yn Leien. Hy koe him mar fjouwer moannen ûnder lieding fan syn heit Pierre Jean Baptiste Charles van der Aa yn de praktyk oefenje. Troch ûngeunstige omstannichheden bedarre de family yn Fryslân dêr't ferskate funksjes hie by de gemeenten te Snits, De Lemmer en Lemsterlân; yn 1815 tsjinne er as frijwilliger, troude yn 1816 mei gelegenheidsdichteresse Eelkje Poppes, en waard twa jier letter prokureur te Ljouwert. Yn 1830 boaske er oan de eignaresse van 'Den Hemelschen berg', by Oosterbeek. Hy sette him dêrom nei wenjen yn Arnhim yn 1834 en waard dêr rjochter. Syn twadde frou stoar op 28 augustus 1846. Yn 1848 waard fan der Aa was rekke troch in slimme breinsykte, dêr't er oant syn dea troch kanker fan it antlit slim fan te lijen hie.

Syn biedwurd wie: "Doe wel en zie niet om" ('Doch goed en sjoch net om').

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

Robidé van der Aa syn wurk bestiet út in protte lytse aparte opstellen en gedichten, skreaun yn opdracht fa geschreven in opdracht de Amsterdamske útjouwer Beijerinck. Meast bydragen yn de 'Muzen-almanak', de 'Almanak voor het Schoone en Goede', de 'Volksbode', dy't er redigearre of meibestjoerde; yn 1827 in ferhanneling by 't Nut, Over de Gevolgen van huisselijke achteloosheid en Volksliederen, yn 1835 troch dy maatskippij útjûn. Fierder: Losse Bladen uit het groote Levensboek (2 delen, Amsterdam 1832); mei Ottho Gerhard Heldring: De zoon der natuur en de zoon der wereld (2 dielen, Amsterdam 1837); nei it Ingelsk: De Rijn in afbeeldingen (2 dielen, Amsterdam 1836); Volksverhalen en Legenden aan de Rijnoevers (2 dielen, Arnhim 1839); Oud-Nederland in zijne burgten en kasteelen opgehelderd (2 dielen, Nymwegen 1841). Noch lyts wurk en berneboekjes en mei P. Best, in bûsbibleteek foar de jongerein, Amsterdam 1835. Syn wurk en dieden tsjûgje fan leafde foar it heitelân (sa as nei de dea fan Jan van Speijk), fan nijsgierrigens yn folksgelok, maatskiplike wolfeart en, nei syn kinnen, yn de letteren.

De Gids[bewurkje seksje | edit source]

Het plaatwerk over de Rijn waard yn 1836 min ûntfongen troch it iennichst literêre tydskrift fan Nederlân: Vaderlandsche Letteroefeningen. Utjouwer Beyerinck besleat doe sels mar in tsjinhinger op de rjochtsjen: De Gids. Hy frege de jonge Potgieter as redakteur en it like him goed ta, om dêr de mear lykmoedige advokaat út Arnhim neist te setten.

It earste nûmer ferskynde op 1 jannewaris 1837, en it blêd foel yn de smaak. De gearwurking yn de redaksje wie lykwols gjin súkses. Van der Aa waard ôfskepe mei ûnbelangrike karweikes, wylst Potgieter efter syn rêch om Bakhuizen van den Brink as redakteur ynhelle. Doe't Beijerinck de útjefte fan it blêd yn 1841 oerdroech oan P.N. van Kampen, wie Van der Aa by De Gids feitlik oer en tefolle wurden.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Biographisch woordenboek der Noord- en Zuidnederlandsche letterkunde, J.G. Frederiks en F. Jos. van den Branden, 1888 - 1891
  • Remieg Aerts, De letterheren. Liberale cultuur in de negentiende eeuw: het tijdschrift De Gids. Meulenhoff, Amsterdam 1997