Catharina-Amalia fan de Nederlannen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Prinsesse Amalia, 30 april 2013

Catharina-Amalia fan de Nederlannen (De Haach, 7 desimber 2003), folút Catharina-Amalia Beatrix Carmen Victoria van Oranje-Nassau, Prinsesse fan Oranje, Prinsesse fan de Nederlannen, Prinsesse fan Oranje-Nassau, is de âldste dochter fan Kening Willem-Alexander en Keninginne Máxima.

Berte[bewurkje seksje | edit source]

Prinsesse Amalia waard snein 7 desimber 2003 om 17.01 oere berne yn it Bronovo-sikehûs yn De Haach. Yn de stêden De Haach, De Helder (Nederlân), Willemstêd (Nederlânske Antillen) en Oranjestêd (Arûba) waard har berte mei 101 salútskotten oankundige. Tiisdei 9 desimber, yn it âlde stêdhûs fan De Haach, joech har heit har berte oan by de boargerlike stân, yn de persoan fan boargemaster Wim Deetman.

Daalks nei oanjefte en it bekend wurden fan de nammen fan de kroanprinsesse, feroare de gemeente Almelo it Balkanplein yn de stêd ta Catharina-Amaliaplein. Op Bonêre waard de lofthaven Flamingo Airport werneamd ta Prinsesse Amalia Airport.

Nammen[bewurkje seksje | edit source]

De prinsesse wurdt Amalia neamd. By offisjele gelegenheden wurdt de namme Catharina-Amalia brûkt. Soe se itselde dwaan as har heit, dan wurdt dàt ek har namme as keninginne.

Prinsesse Amalia is op de neikommende wize ferneamd:

  • Catherina kaam by de Oranjes earder foar by Henriëtte Catharina (pakesizzer fan Willem de Swijer en tsiende oerbeppe fan Prinsesse Amalia);
  • Amalia kaam by de Oranjes earder foar by Henriëtte Amalia (famke fan Henriëtte Catharina en njoggende oerbeppe fan Prinsesse Amalia);
  • Beatrix nei har beppe Keninginne Beatrix;
  • Carmen nei har beppe Maria del Carmen Cerruti de Zorreguieta;
  • Victoria liket net foar te kommen as namme fan ien fan de foarâlden fan Prinsesse Amalia. As, sa't Willem-Alexander sein hat, de nammen yn de famylje foarkomme dan soe it de namme fan in muoike of nicht ofsfh. wêze moatte. It is lykwols ek mûglik dat se ferneamd is nei har iene peetmuoike, kroanprinsesse Victoria fan Zweden.

Titel[bewurkje seksje | edit source]

Prinsesse Amalia is de earste yn de oarder fan troanopfolging fan har heit Willem-Alexander. Sûnt har heit kening wurden is, is sy Prinsesse fan Oranje.