Frânske tún

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Frânse tún fan kastiel fan Villandry
Untwerp fan de Frânse tún yn Wurzburch, Dútslân
Parterres fan de Oranzjery fan it Kastiel fan Versailles

In Frânske tún (Jardin à la Française) of baroktún is in formele tún, yn in styl basearre op symmetry en it prinsipe fan beoardering fan de natuer. De Frânske styl is ûnstien nei model fan de Italjaanske Renêssânse-tún. In bekend foarbyld binne de Frânske tunen yn Versailles.

Koarte skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De eigentlike Frânske tún waard skepen troch André Le Nôtre by it Kastiel fan Vaux-le-Vicomte; letter waard er beneamd ta arsjitekt fan de kening oan it hof fan Versailles. It slagge Le Nôtre en bring symmetry, troch grutte gersfjilden mei parterres, strak knipte hagen yn strakke linen en buksushaagjes te ferwurkjen yn in harmonieus lânskip.

Neidat Le Nôtre syn namme ynternasjonale klank krige hie, wreide dizze túnstyl him rillegau út nei oare Europeeske hoven. Yn in protte lannen ferskynden pompeuze paleizen mei in strakke Frânske tún.

Flak foar de Frânske Revolúsje rekke de styl yn de nederklits; in soad arsjitekten keazen doe foar de Ingelske tún.

In protte Frânske kastielen, benammen de grutte Renêssânsekastielen in de Loirefallei, hawwe no noch Frânske tunen.

Bekende Frânske tunen[bewurkje seksje | edit source]