Caspar Olevianus

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Caspar Olevian op in kopergravuere út de 16e ieu

Caspar Olevianus (Trier, 10 augustus 1536 - Herborn, 15 maart 1587) wurdt beskôge as ien fan de wichtigste Dútske reformaasjelieders. Nei syn stúdzje rjochten yn Genêve kaam Olevianus mei Jehannes Calvyn yn de kunde. Caspar Olevianus wie sûnt 1584 predikant en professor dogmatyk te Herborn. Hy wurke ek oan in yntroduksje fan de Heidelbergske Kategismus en wurdt beskôge as ien fan de stifters fan de Dútsk-Grifformearde teology. De Heidelbergske Kategismus, dêr't er tegearre mei Zacharias Ursinus oan wurke, wie ek fuortendaliks ien fan syn grutste wurken.

Boarne[bewurkje seksje | edit source]

  • De Nederlânske Wikipedy