Caspar Olevianus
Appearance
Caspar Olevianus (Trier, 10 augustus 1536 - Herborn, 15 maart 1587) wurdt beskôge as ien fan de wichtichste Dútske reformaasjelieders. Nei syn stúdzje rjochten yn Genêve kaam Olevianus mei Jehannes Calvyn yn de kunde. Caspar Olevianus wie sûnt 1584 predikant en professor dogmatyk te Herborn. Hy wurke ek oan in yntroduksje fan de Heidelberchske Kategismus en wurdt beskôge as ien fan de stifters fan de Dútsk-Grifformearde teology. De Heidelberchske Kategismus, dêr't er tegearre mei Zacharias Ursinus oan wurke, wie ek fuortendaliks ien fan syn grutste wurken.