Springe nei ynhâld

Brigitte Gabriel

Ut Wikipedy
Brigitte Gabriel
Brigitte Gabriel yn 2016
Brigitte Gabriel yn 2016
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Libaneesk, Amerikaansk
berne 21 oktober 1964
berteplak Marjayoun, Libanon
wurkpaad
berop/amt Sjoernalist, skriuwster, aktiviste
jierren aktyf 1986-
offisjele webside
Act for America

Brigitte Gabriel (Arabysk:بريجيت غابرييل) is in Amerikaanske sjoernalist, skriuwster, akademikus en aktiviste tsjin islamitysk ekstremisme. Hja stifte twa politike organisaasjes yn de Feriene Steaten: it American Congress For Truth en ACT! for America.[1]

Brigitte Gabriel nimt gjin blêd foar de mûle en moat neat hawwe fan politike korrektheid. Hja stelt dat de islam lannen yn de ûntjouwing behinderje en dat dy religy it terrorisme befoarderet. Troch mannichien wurdt hja sjoen as dyjinge dy't in stim jout oan "wat in soad yn de Feriene Steaten tinke, mar net heal doarre te sizzen", om't hja benaud binne om fan rassisme, yntolerânsje en islamofoby beskuldige te wurden.

Brigitte Gabriel waard berne yn Libanon en groeide op yn it tiid dat it lân ferskuord waard troch boargerkriich. Har âlden wiene maronityske kristenen. Harren houlik bleau mear as tweintich jier sûnder bern ear't Brigitte as iennichst bern berne waard. Under de kriich waard it hûs fan har âlden ferneatige by in oanfal fan islamityske militanten op in militêre basis yn de buert. By dizze oanfal rekke de doe tsjierjierrige Brigitte ferwûne troch in granaatynslach. Sân jier lang wenne de famylje yn primitive omstannichheden sûnder foarsjennings op in lytse rûmte fan 2,4 by 3 meter. Yn dy tiid moast Brigitte foar skjin wetter troch in groppe by de dyk lâns nei in boarne krûpe, om net yn it fizier fan islamityske skerpskutters te kommen

Neffens Gabriel siet de famylje ienris yn de maitiid fan 1978 twa dagen opsluten yn de skûlkelder, nei't in bom eksplodearre wie. Lang om let waard de famylje holpen troch trije kristlike soldaten. Mei ien fan dy soldaten rekke Gabriel tige befreone, mar hy kaam letter troch in lânmyn om it libben. Yn itselde jier waard neffens Gabriel har famylje warskôge foar in oansteande oanfal fan moslim-milysjes op alle kristenen. Nei har sizzen is it te tankjen oan de Israelyske ynfal yn Libanon dat hja no noch libbet. Letter, doe't har mem swier ferwûne rekke en troch it Israelysk leger meinaam waard nei in sikehûs yn Israel, stie Gabriel fersteld oer it meilibjen fan de Israeliërs. Gabriel sei dêroer:

Ik seach ferheard op dat de Israeliërs de Palestinen en islamityske militanten medyske soarch joegen... Dizze Palestinen en moslims wiene ferklearre en deadlike fijannen, dy't harren wijden oan it ferneatigjen fan Israel en it útroegjen fan joaden. Mar hjir wurken Israelyske dokters en ferpleegsters iverich om harren libben te redden. Elke pasjint waard behannele neffens syn of har ferwûning. Sa behannele de dokter ús mem earder dan de Israelyske soldaat dy't njonken har lei, om't har ferwûning slimmer wie as sines. De Israeliërs seagen net nei it leauwen, net nei de politike foarkar en net nei de nasjonaliteit. Hja seagen allinnich minsken dy't fersoarging nedich hiene, en dy holpen hja.

Under it pseudonym Nour Semaan fersoarge Gabriel it Arabysktalich jûnsprogramma World News foar de op kristlike begjinsels basearre stjoerder Middle East Television, dy't doe in stasjon hie yn it distrikt Marjeyoun (sûnt 2000 yn Syprus). Har programma's hiene berik yn Israel, Egypte, Syrje, Jordaanje en Libanon. Mei't it Israelyske leger de sûnt 1985 ynstelde buffersône yn it suden fan Libanon ferliet, ferhuze ek Gabriel nei Israel. Dêrnei emigrearre Gabriël nei de Feriene Steaten.

Sûnt de oprjochting fan Act is Gabriel mei har pro-Israel en anti-islaam stânpunten, kombinearre mei har persoanlike ûnderfinings en saakkundichheid, in populêr sprekster en skriuwster yn benammen konservative rûnten. Hja sprekt floeiend Arabysk, Frânsk, Ingelsk en Hebriuwsk en wurdt in soad frege om tillefyzje- en radionijs fan kommintaar te foarsjen. Ek levere hja in bydrage oan de dokumintêre “Obsession: Radical Islam's War against the West” (2007).

Gabriel wyt de minne steat fan de Arabyske maatskippij en it efterbliuwen fan sosjale en godstjinstige wearden yn de Arabyske wrâld oan de islaam. Foar Gabriel binne de islamityske terroristen minsken dy't de islaam folgje en in foarbyld nimme oan harren profeet Mohammed.

Gabriel sjocht twa fases yn it ûntstean de islaam:

  • Nei't Mohammed tolve jier yn Mekka syn nije religy sûnder in soad súkses oan de man besocht te bringen hie en ûnder syn folgers allinnich wat famyljeleden en freonen wiene, teach hy nei Medina. Medina wie in wichtich hannelssintrum en yn dy tiid wennen dêr in soad joaden. Hy hope dat in akseptaasje fan de joaden as profeet him de nedige status jaan soe by syn eigen folk en it sa ek makliker waard om harren foar syn religy te winnen. Om de joaden safier te krijen begûn Mohammed dêrom te lienen út it Alde Testamint. Sa waarden bygelyks joadske gebrûken lykas it net iten fan bargefleis, it fêsten en it meardere kearen deis bidden oernommen fan de joaden. De geskriften út dizze tiid binne dan ek posityf oer de “minsken fan it boek” (joaden en kristenen).
  • Doe't Mohammed lykwols yn 'e rekken krige dat de joaden neat fan him ha moasten en him as profeet ôfwiisden, kearde Mohammed him tsjin de joaden en begûn se út te sluten en te ferfolgjen. Dêr sjocht Gabriel Mohammed's ynearsten religieuze beweging feroarjen yn in politike beweging. Mohammed waard in militêr kriichsman en begûn no de minsken fan it boek te ferfolgjen. Joaden en kristenen waarden ta twadderangsboargers ferklearre en koene kieze tusken de dea, bekearing of it beteljen fan in beskermingsbelesting.[2]

Gabriel sjocht wat de islaam oanbelanget in dúdlike Clash of Civilizations en hja fynt dat de Westerse politike lieders erkenne moatte dat it hjir giet om in religy dy't folslein tsjinsteld is oan sa't minsken yn it Westen wend binne te tinken of wêr't se foar tinke te stean, oft dat no wearden binne, frijheid, de wize fan tinken of hoe't hja (radikale moslims) harren eigen libben wurdearje ferlikene mei de wize wêrop wy ús libben wurdearje. Dêrom moat neffens Gabriel de fijân mei de namme neamd wurde.[3]

Because They Hate (earste útjefte yn 2006)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn har earste boek “Because They Hate” skriuwt Gabriel hoe't islamityske militanten in domper op har jongerein leine tidens de Libaneeske boargerkriich yn de jierren 1970. Libanon wie it ienige lân yn it Midden-Easten mei in kristlike mearderheid wêr't minderheden yn frede meiinoar libben, oant militante moslims dêr it earste front iepenen fan wat letter in jihad oer de hiele wrâld waard. "Because They Hate" waard in bestseller yn de Feriene Steaten.

Ik ha myn heitelân ferlern oan it islamitysk fundamintalisme, en ik wol net myn nije lân ek oan itselde ferlieze, sa motivearre Gabriel it skriuwen fan har boek. Hja stelt dat de demografyske ûntwikkeling fan de islamityske befolking yn Jeropa en de Feriene Steaten in eksakte werhelling is fan wat der earder yn Libanon barde en dat de gefolgen hjirfan no al yn Jeropa te merkbiten binne.[4]

They must be stopped (earste útjefte yn 2008)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn har twadde boek ljochte Gabriel de folgjende stellings ta:

  • De fundamintalistyske islaam is woartele yn 7e-iuwske learstellings en net te ferienigjen mei lykweardigens en demokrasy.
  • Radikale moslims minachtsje ûnleauwenden en beskôgje har as fijannen, dy't it libben net wurdich binne.
  • Yn de Feriene Steaten nimt it tal koranskoallen ta, dy't in ûnderdiel foarmje fan in groeiend islamitysk leger yn it lân.
  • De radikale islam eksploitearret it rjochtssysteem fan de Feriene Steaten en Amerika's frijheid fan religy om sa de haat tsjin westerske wearden te fersprieden.
  • Amerika moat in stim foarmje tsjin de politike korrektheid, dy't fan ambtenaren en keazen ferstjintwurdigers easket om alles te dwaan wat nedich is om it lân te beskermjen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is in oersetting fan de korrespondearjende Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch dêr foar de bewurkingsskiednis.