Boudewijn Büch

Ut Wikipedy
Boudewijn Büch
skriuwer
Büch yn 1994
Büch yn 1994
persoanlike bysûnderheden
berne 14 desimber 1948
berteplak De Haach
stoarn 23 novimber 2002
stjerplak Amsterdam
etnisiteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
wurk
taal Nederlânsk
sjenre Roman, poëzy
streaming Postmodernisme
bekendste
  wurk(en)
De kleine blonde dood (1985), Het Dolhuis (1987)
jierren aktyf 1973-2002
offisjele webside
DBNL-profyl

Boudewijn Maria Ignatius Büch (Den Haach, 14 desimber 1948Amsterdam, 23 novimber 2002) wie in Nederlânsk dichter, skriuwer en telefyzjepresintator. De sabeare autobiografyske roman De kleine blonde dood, út 1985, wie sûnder mis syn meast súksesfolle wurk. Fan dat boek binne neitiid mear as tritich ûnderskate printingen ferskynd. Yn 1993 waard it ferhaal ferfilme troch regisseur Jean van de Velde. As telefyzjepresintator makke Büch by de VARA ferskate programma's oer literatuer, en ek reisprogramma's ûnder de titel fan De Wereld van Boudewijn Büch.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boudewijn Büch waard berne yn De Haach yn de Bethlehemklinyk en waard opbrocht yn Wassenaar yn in roomsk-katolyke húshâlding mei fiif bruorren; ien dêrfan wie Menno Buch. Syn âlden giene út elkoar yn 1963. Boudewijn en syn bruorren brochten harren heit letter te binnen as in tirannyk persoan.[1]

Büch siet in tal jierren op it gymnasium (Bonaventura Kolleezje yn Leien) en op de hbs, mar einige mei in mulo-diploma. Fanwegen syn problematysk ûntjaan fertrouden syn âlders de jonge Boudewijn ta oan de Wassenaarske learaar Nederlânsk en lettere NCRV-telefyzjepersoanlikheid Sipke van der Land (1937-2015). Dy learde Boudewijn de keunst fan it skriuwen.

Kontroverze[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Büch hat in protte ûnwierheden oer syn libben op it aljemint brocht; hy wie in gefal fan pseudologia fantastica. It seit gâns wat dat Rudie Kagie syn biografy út 2004 de ûndertitel "Verslag van een mystificatie" meikrigen hat.

Ien fan dy leagens wie dat er de heit wie fan in jonkje dat mei seis jier stoar. Dy jonge hie wol bestien, mar it wie syn bern net en it stoar net. Dy leagen wie de basis fan syn súksesfolle roman De kleine blonde dood. Teffens betocht er in fantasykarriêre en kokettearre er mei syn pedofyl- en homseksueelwêzen wylst er allinne heteroseksuele relaasjes hân hie.

Telefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ien fan Büchs meast suksesfolle telefyzjeprogramma's wie De wereld van Boudewijn Büch (útsjoerd troch de VARA, simmer 1988 - neijier 2001) dat him yn de gelegenheid stelde om oer de hiele wrâld te reizgjen em syn fyzje op ferskate plakken, minsken en ferskynsels te toanen.

Bibliofyl[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Büch wie in bibliofyl dy't him yn ferskate ûnderwerpen spesjalisearre, ûnder mear yn biology, Goethe en ûntdekkingsreizgers. By syn dea hie er likernôch 100.000 boeken. Fierder wie er tige ynteresearre yn eilannen, benammen eilannen dy't hast net te berikken wiene, lykas Bouveteilân by Antarktika. Hy skreau fiif non-fiksjeboeken oer eilannen, bekend as de 'Eilannesearje'.

Dea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Büch waard op 23 novimber 2002 dea fûn yn syn hûs oan de Amsterdamske Keizersgracht en soe dy deis om sa'n 14.00 oere ferstoarn wêze oan in hertstilstân. Büch liet syn mem, fiif bruorren en tolve neven en nichten nei.

Boudewijn Büchpriis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2011 waard op inisjatyf fan Piet van Winden de Boudewijn Büchpriis ynsteld troch de Werkgroep Boudewijn Büch en de Nederlandsche Vereeniging van Antiquaren. De priis wurdt alle jierren útrikt oan eat of ien dy't it antkwaryske boek yn it omtinken fan in grut publyk wit te brengen.

Keppelingen om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Rudie Kagie, Boudewijn Büch. Verslag van een mystificatie. Amsterdam, 2004.
  • Boudewijn Büch, Nederlânsktalige Wikipedy