Boudewijn Büchpriis

Ut Wikipedy

De Boudewijn Büchpriis is in jierlikske priis foar eat of immen dy't it slagget it antikwaryske boek yn it omtinken fan in grut publyk te bringen, lykas skriuwer en programmamakker Boudewijn Büch die. Inisjatyfnimmer wie Piet van Winden fan de Nederlandsche Vereniging van Antiquaren en belutsen by de Stichting Boudewijn Büch.[1]

Yn 2017 en 2018 waard de priis net útrikt.

Oersjoch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

2011: Diederik van Vleuten earste edysje dêr't dy kabaretier yn it Teylers Museum de Boudewijn Büchlêzing hâldt.
2012: Gerrit Komrij dy't him postúm ûntfong omdat er syn libben lang krewearre hat foar it antikwaryske boek. De twadde Büchlêzing waard foardroegen troch Adriaan van Dis
2013: Redmond O'Hanlon foar syn VPRO-programma O'Hanlons Helden[2]
2014: Dimter Boekemerk, in wichtige boarne foar talleaze sljochtweihinne en bysûndere, grutte en lytse partikuliere boekekolleksjes, dy't útwoeks ta de grutste fan Europa
2015: Atte Jongstra skriuwer fan û.o. Avontuurlijke Archiefreis
2016: Heske Kannegieter, organisearret fan 1986 ôf de Amsterdamske boekemerken, foar har wurk oan 'Boeken op de Dam'.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Boudewijn Büchprijs op de webside BoudewijnBüch.Nl
  2. "Reisschrijver Redmond O'Hanlon krijgt Boudewijn Büchprijs" NU.nl, 15 septimber 2013